Eaststellingwerf en Steat moatte buorlju fan crossbaan 6.000 euro betelje

De motorcrossbaan Prikkedam © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De gemeente Eaststellingwerf en de Steat moatte 6.000 euro skeafergoeding betelje oan de buorlju fan motorcrossterrein De Prikkedam yn Makkingea.
Dat hat de Ried fan Steat besletten, omdat de rjochtsaak tusken de gemeente en it pear Van Rossem santich moannen te lang duorre hat.
De Van Rossems kleie al tweintich jier oer oerlêst fan de crossbaan. Yn 2015 begûnen se in rjochtsaak tsjin it bestimmingsplan wêryn't de gemeente de crossbaan regele hie.

500 euro per healjier

Ferline jier hat de Ried fan Steat dat bestimmingsplan goedkard, mar de hiele proseduere hat wol te lang duorre. Neffens it Europeeske minskerjochteferdrach EVRM ha boargers rjocht op in skeafergoeding fan 500 euro foar elk healjier dat it te lang duorret.
Eaststellingwerf hat neffens de Ried fan Steat de grutste skuld en moat 5.828,57 euro betelje. De oare 171,43 euro komt foar rekken fan de Steat.

Flinke kostenpost

De rjochtsaken wienen al in flinke kostepost foar de gemeente. De prosessen ha de gemeente yn tsien jier sa'n miljoen euro koste, waard yn novimber bekend. Dat jild gong ûnder oare nei lûdsmjittingen en miljeu-advizen.
De Van Rossems bliuwe tsjin it crossterrein. "Het kán daar gewoon niet", sei Roel van Rossem ferline jier by de Ried fan Steat.