HEA! Linda en Pieter passe op alle fûgeltsjes

HEA! Tropyske fûgels
In finkje mei in bryk poatsje, of in kanarje mei in lamme flerk, allegearre binne se wolkom yn de foliêres fan Linda en Pieter Koetstra fan Snits. De Koetstra's passe mei leafde op alle tropyske fûgeltsjes mei in gebrek.
Om in partner te finen foar in goudfink dy't allinne wie, ride Linda en Pieter ek samar in pear hûndert kilometer. By de fersoarging fan de bistsjes is hygiëne hiel belangryk. Alle foliêres binne dan ek sûkerskjin. Pieter giet sels sa fier dat hy hast alle dagen de hokken stofsûget.