Flink mear slachtoffers seksueel geweld sochten help by CSG Friesland

It tal slachtoffers fan seksueel misbrûk dat help socht by Centrum Seksueel Geweld Friesland, gie yn 2022 mei 42 persint omheech yn ferliking mei it jier dêrfoar.
It tal akute saken, koarter as sân dagen lyn, gie 70 persint (114 saken) omheech. De stevige stiging wurdt benammen takend oan de ûntbleatingen fan it seksuele misbrûk by The Voice of Holland.
Momint om help te sykjen
"Maar ook in de tijd daarna bleef het aantal meldingen van slachtoffers hoger dan in de voorgaande jaren. De situatie rondom The Voice heeft iets opengebroken", fertelt Gerda de Groot, koördinator CSG Friesland.
"Ineens werd er overal gesproken over seksueel misbruik, er was geen ontkomen meer aan. Dit was voor veel slachtoffers het moment om hulp te zoeken."
92 persint frou
Ut de sifers fan CSG Friesland docht bliken dat 92 persint fan de slachtoffers in frou is. 43 persint is minderjierrich. Fierder krige 44 prosint fan de slachtoffers earder te krijen mei seksueel geweld, en is yn 85 prosint fan de saken de pleger in bekende.
Slachtoffers bij wie het misbruik lang geleden is, leerden dat het normaal is dat zo'n trauma niet zomaar weggaat.
Wat fierder opfoel is it grutte tal telefoantsjes fan minsken by wa't it misbrûk lang lyn wie. Soms wol fjirtich jier. "Deze slachtoffers leerden dat het normaal is dat zo'n trauma niet zomaar weggaat en dat hulp zoeken nooit te laat is."
Slachtoffers dy't gjin profesjonele help krije, hawwe mear kâns op geastlike, lichaamlike en sosjale klachten. "Denk aan: slecht slapen, concentratieproblemen, onrust, herbelevingen, moeite met het aangaan van relaties, verslaving, schulden, en obesitas. De gevolgen kunnen een leven lang aanhouden."