Ynbrekker mishannelet man yn Stiens nei efterfolging: "Harde klap op m'n hoofd"

De ferwûningen fan de buorman © CAMJO media
In 39-jierrige man út Stiens is tiisdeitejûn mishannele troch in ynbrekker. Dy wie mei in oare man flak dêrfoar trapearre yn in hûs oan de Ljurkstrjitte.
De 53-jierrige bewenster fan dat hûs wie krekt thúskaam, doe't se se derachter kaam dat der ien yn it hûs wie. Nei't se om help rôp, skeat in buorman yn aksje. Dy seach twa manlju út de tún fan de frou rinnen.

Efterfolging

De buorman gong de manlju achternei en slagge deryn om ien te pakken te krijen. Doe waard er lykwols mishannele troch dy fertochte, dy't dêrnei útnaaide. It slachtoffer, dat fierder anonym bliuwe wol, fertelt dat er de hûn oan it útlitten wie.
Ik zou 112 bellen, maar toen zag ik iemand de tuin uit rennen.
It slachtoffer fan de mishanneling
"De buurvrouw begon te gillen. Ik vroeg wat er aan de hand was. Ze zei: 'Ze zijn binnen, inbrekers!' Toen zou ik 112 bellen, maar ik zag iemand de tuin uit rennen met kort daarna nog iemand. Toen ben ik erachteraan gegaan, met de hond."
De hûn die neat, mar nei 700 à 800 meter hie de man ien fan de twa fertochten te pakken. "We belandden in de struikjes, maar toen kreeg ik een behoorlijk harde klap op m'n hoofd, waardoor ik hem los moest laten. Daarna nog een beuk in m'n rug, waarna ik op de grond viel. Toen zijn ze gevlucht."
"Ik merkte dat ik bijna buiten bewustzijn raakte"
Neffens de plysje binne der sinjalen dat de twa manlju yn in donkerkleurige sedan fuortriden binne. It slachtoffer seit dat der noch in tredde persoan by belutsen wie, dy't se ôfset hat yn de strjitte.
De plysje is úteinset mei in ûndersyk nei de mishanneling en de ynbraak. Der is mei omwenners praat en der wurdt nei bylden sjoen. Fierder hopet de plysje dat tsjûgen har melde.