Eksposysje by sikehûs MCL om omtinken te freegjen foar húslik geweld

Ien fan de fotobuorden mei útlis © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
By sikehûs MCL yn Ljouwert is fan 'e moarn de eksposysje 'Doorbreek de cirkel van geweld' iepene. Dat barde op it bûtenterrein fan it sikehûs. Yn gearwurking mei oare organisaasjes ropt it sikehûs op om mear omtinken te hawwen foar bernemishanneling, húslik geweld en seksueel geweld.
It is net sûnder reden dat de soarchmeiwurkers omtinken freegje foar dit tema. Neffens Mariska Hartendorp fan it MCL sitte slachtoffers en dieders fan dat soart geweld in yn soarte fan fisieuze sirkel dy't trochbrutsen wurde moat. "Het is voor iedereen bekend dat dit een maatschappelijk probleem is. Wij willen ook als ziekenhuis daarin onze verantwoordelijkheid nemen."
Eksposysje by sikehûs MCL
Njonken meiwurkers út it sikehûs wienen ek loko-kommissaris fan de Kening Sietske Poepjes en wethâlder Nathalie Kramers fan de gemeente Ljouwert by de iepening fan de eksposysje. "Wij zijn verbonden aan meerdere samenwerkingsverbanden en hebben dus ook veel te maken met dit onderwerp. Neem bijvoorbeeld de multidisciplinaire aanpak van kwetsbare gezinnen", leit Hartendorp út.
Mariska Hartendorp fan it MCL © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Ek binnen it sikehûs sjogge se bernemishanneling en húslik geweld. "Helaas komen we dat ook tegen, bijvoorbeeld op de spoedafdelingen."
It MCL wol dit ûnderwerp dan ek besprekber meitsje. "Ik hoop dat mensen er niet alleen bij langs lopen maar ook de teksten lezen.
Dit onderwerp vraagt om een signalerende rol die we met elkaar hebben."
Neffens de Ryksoerheid hawwe alle jierren nei alle gedachten sa'n 200.000 minsken te krijen mei earnstich of werhelle húslik geweld. De oerheid wol húslik geweld bestride en hat dêrom ferskate kampanjes rinnen. Bygelyks oer it melden fan húslik geweld.
It sikehûs docht sa'n 120 meldingen fan húslik geweld of bernemishanneling. "We doen dan een zorgmelding bij het meldcentrum Veilig Thuis. "Je wil daar natuurlijk geen fouten mee maken, maar die cijfers zijn het topje van de ijsberg. Het probleem is veel groter", beslút Hartendorp.
Eksposysje foar omtinken húslik geweld © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Soarchprofessionals kinne dat lykwols net anoniem dwaan, in partikulier wol.
De eksposysje is fan hjoed oantemei 25 april te besjen, krekt bûten it MCL.