Oebele Brouwer formateur foar nije provinsjale koälysje

Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen © Omrop Fryslân
De fjouwer partijen dy't yn Provinsjale Steaten in koälysje foarmje wolle, hawwe Oebele Brouwer frege as formateur. Brouwer sil BBB, PvdA, CDA en ChristenUnie helpe om ta in koälysje-akkoart op haadlinen te kommen.
Brouwer is op it stuit boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen. Hy begjint op tongersdei mei de formaasje. Hoe't dy krekt foarm krije sil, is noch net bekend.
BBB-fraksjefoarsitter Abel Kooistra tinkt dat Brouwer in goede formateur is om't er in soad bestjoerlike ûnderfining hat en net bûn is oan in politike partij. Dêrneist kent er neffens Kooistra Fryslân en de Fryske kultuer goed. "In tige kundich man", seit Koositra oer Brouwer.
De foarming fan in nij kolleezje gie ôfrûne freed in nije faze yn nei't ferkenner Chris Stoffer ta it oardiel kaam wie dat in koälysje tusken de BBB, PvdA, CDA en ChristenUnie it meast foar de hân leit. Op woansdeitemoarn fergaderet Provinsjale Steaten oer de formaasje.