Anneke Versmessen-de Vries (54) bringt Fryslân nei Flaanderen

© Omrop Fryslân
Anneke ferhuze mei har Flaamske man nei Gent, mar hat Fryslân hielendal net loslitten. Sy is just mear dwaande mei de provinsje dêr't se weikomt. Se sette in webside op om Belgyske Friezen te ferbinen en hellet Fryske muzyk nei de Belgyske stêd.
"Wy wolle wat nijs", tochten Anneke en har Flaamske man Hendrik fiif jier lyn, sy wennen doe tolve jier yn Ljouwert. Hendrik en Anneke moeten inoar doe't Anneke 36 jier wie en nei in pear jier besleat Hendrik syn guod op te pakken en nei Ljouwert te ferhúzjen. Hoewol't er him yn de haadstêd altyd goed field hat, wie der it dochs mei Anneke iens, sy moasten wat nijs dwaan.
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt har en hokker aventoeren meitsje se mei?
"Dat kaam eins om't wy fjouwer jierren op rige in ferstjerren hiene, twa dêrfan wiene fan myn âlden, dy kamen strak achter inoar oan. Do giest dan earne ek ris neitinken fan: wat wolle wy noch?"

Wylde plannen

Rûnreizgje mei in kamper of ferhuzje moast it mar wêze, besleat it stel. "Wylde plannen hiene wy earst, mar dat fielde fan binnen út allegear net goed. Myn skoanâlders wiene der op dat stuit noch en dy hawwe ús tolve jier misse moatten. Doe sei ik, wat no as wy nei harren ta, nei België ferhúzje?"
De Graslei yn Gent © Omrop Fryslân
Nei fiif jier befalt de griene, iepen en histoaryske stêd en de bertestêd fan Hendrik noch altyd goed. "Hendrik sei, as wy nei België ferhúzje, dan nei Gent, dat is sa'n prachtige stêd."
Wol is Gent de lêste jierren folle toeristysker en drokker wurden wylst Anneke en Hendrik just de rêst opsykje woene. "Mar ik haw my fan it begjin ôf thúsfield. Wy wenje ek yn in rânegemeente, yn it súdwesten fan de stêd. Binnen tsien minuten kertierke bist op 'e fyts yn it sintrum."

Link Fryslân en België

Grutte ferskil tusken Ljouwert en Gent is neffens Anneke de taal. "Dat soene je net sizze, it is beide Nederlânsk, it is hiel gelyk, mar dat is dus net sa", laket sy.
Hoe gelokkich Anneke ek is yn Gent, hieltyd mear besiket sy de ferbining mei Fryslân te krijen. "It is krekt as no't ik hjir bin, dat it noch mear boppe komt, mar ik rôp yn Fryslan al as grap: ik begjin in Fryske krite", laket se.
Sa dûkt sy de Fryske histoarje yn en wol útfine wat foar rol de Belgen dêryn spile hawwe. "Bytsje by bytsje komst hieltyd mear te witten, dat al yn de Midsiuwen oerienkomsten te finen binne."
© Omrop Fryslân
Mei har webside wol se friezen yn Flaanderen by inoar bringe en sjocht nei hoe't de Fryske wearden trochlibje kinne yn Flaanderen. "Ik probearje de link te lizzen tusken Fryslan en Flaanderen. Dat is foar Friezen dy't hjir wenje mar ek foar Flamingen dy't in soad fan Fryslân halde."

Sanman en Sikke

Dy link giet safier dat sy de Fryske fokale mannengroep Sanman en Sikke nei har stêd helle hat. Op 29 april sille de groep optrede yn Gent. "Ik haw op in gegeven momint sein: no moat it wêze. Ik kaam Sanman en Sikke tsjin doe't ik yn Fryslan wie, by in jubileumkonsert. Doe haw ik de webside opset en bin der serieus mei dwaande gean."
Anneke Versmessen mei de Fryske flagge yn Gent © Omrop Fryslân
Grutsk sil sy altyd bliuwe op Fryslân. Mei de Fryske flagge om de skouders rûn sy op in smoardrokke simmerdei troch it sintrum fan Gent. "Ik krige in hiel soad reaksjes fan minsken, dy rôpen bygelyks, 'Fryslân boppe'. Dan fernimst hoe werkenber de Fryske flagge is."