Fynst fan Tresoar bewiist: Eise Eisinga wie dochs gjin autodidakt

It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer © ANP Foto
Eise Eisinga hat himsels net de geheimen fan de wiskunde en astronomy oanleard. Dat docht bliken út in fynst fan Tresoar-direkteur Arjen Dijkstra. Fan Eisinga waard altyd tocht dat er autodidakt wie. Dat betsjut dat er himsels alles oanleard hie.
Eisinga boude yn de achttjinde iuw oan syn eigen planetarium yn Frjentsjer, Dat wie yn 1781 klear. Eisinga waard ûnder mear opnaam yn de Canon fan Nederlân en Fryslân.

Wolkjimmersfeint

Yn de argiven fan Tresoar, it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum, fûn Dijkstra in hânskrift mei de omskriuwing 'Meetkonst van W.W. 4to'. Dêryn werkende er wiskundige opjeften dy't identyk binne oan opjeften yn Eisinga's hânskriften.
De W.W. ferwiist nei Willem Wytzes, in wolkjimmersfeint. Hy wenne en wurke yn Frjentsjer en folge dêr wiskundelessen oan de universiteit. Wiskunde wie it iennige fak dat ek foar studinten wie dy't gjin Latyn koenen.
De oerienkomsten tusken de opjeften fan Wytzes en Eisinga binne sa grut, dat it neffens Dijkstra logysk is om oan te nimmen dat er syn lessen oan Eisinga joech, op basis fan wat er sels op de universiteit fan Frjentsjer learde.
Tresoar-direkteur Arjen Dijkstra oer de fynst