De toan fan Froukje Sijtsma: "Lyk yn de kast"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Minsken dy't my ûnderwylst in bytsje kenne, witte dat ik graach twaddehânsk guod keapje. En dat ik ek net smoarch bin fan in smoute anekdoate op syn tiid. Ast my fregest wat it apartste is dat ik oant no ta meimakke haw by de oankeap fia Marktplaats, dan is it tink dy kear dat ik in kleankast út in âldereintehûs ophelle.
Ik socht al in skoftke om in grutte kast mei planken en in hinggedielte. Op Marktplaats fûn ik in witen ien yn de buert. Oer de priis waarden de ferkeapen en ik it al gau iens: foar 35 euro koe it wol oangean. De man joech my it adres troch en op dat momint hienen de alaarmbellen fansels al in bytsje ôfgean kind.
De toan fan Froukje Sijtsma
Ik moast yn in fersoargingstehûs yn Ljouwert wêze. Ik belle oan en waard in pear etaazjes heger waarm ûntfongen troch in freonlike man fan yn de fyftich. Hy fertelde dat syn mem koartlyn ferstoarn wie en dat se no dwaande wienen om har appartemint leech te heljen. It idee dat ik de kast fan in dea persoan oernaam, fielde wol wat nuver. Mar ik koe dochs ek muoilik sizze dat it dêrom mar oergean moast?
De kast wie al út elkoar helle. Ik krige fan de man in bôlepûdsje mei skroeven yn de hannen drukt. De planken moast er noch efkes út de sliepkeamer helje. Ik bea oan om mei te helpen en rûn achter de man oan, doe't er ynienen stilstean bleau: "Us mem leit hjir trouwens wol opbaard. Fynst dat in probleem?" Ik die in stap werom.
Ik tink dat myn eagen der op dat stuit hast út sprongen, ek al wist ik út ferhalen wol, dat je yn fersoargingstehuzen faaks binnen ien wike tiid in útfeart én in ferhuzing regelje moasten. Genôch âlderen op de wachtlist dy't der stjerrende graach yn wolle.
Doe kaam de frou fan de ferkeaper de hûs yn. "Kondoleard mei jo skoanmem", sei ik. "Ja tankewol. Hast al efkes yn de kiste sjoen? Wat leit se der moai by hin?" Nee, fansels hie ik net yn de deakiste fan in totaal ûnbekend persoan sjoen.
Mar it koe noch mâlder. De man hie nóch in kast te keap stean, mar dy stie dus op dyselde keamer dêr't syn mem opbaard lei. "Ik set aanst wol efkes wat foto's online", sei er.
Doe't ik thús noch oan it bekommen wie fan it bysûndere barren yn it âldereintehûs, krige ik in sms'ke mei in link nei in advertinsje. Op de foto stie in kast mei donker glêzige doarren dêr't de de sliepkeamer faach yn te sjen wie. Mar wat seach ik dêr noch mear? Ik ûntduts ek de kontoeren fan in kiste op in lykbaar en der kaam noch krekt in prûkje hier boppe-út.
Noch altyd haw ik in nuver gefoel by dizze kleankast en dêrom haw ik 'm no sels mar op Marktplaats set. Foar 35 euro meist de kast oernimme. Hy is al út elkoar. Seis stevige planken en de skroeven krijst der yn in bôlepûdsje by. En hoechst dy echt net dea te skrikken, want by my fynst gjin liken yn de kast."