Ynbrekkers knippe wurkbussen fan ynstallateurs iepen, plysje warskôget

Skea oan de wurkbus fan Erwin Hoekstra út Donkerbroek © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Opfallende dieverij yn it súdeasten fan Fryslân. Dêr binne de ôfrûne nachten ferskate wurkbussen fan ynstallaazjemonteurs iepenknipt en yn guon gefallen ek leechhelle.
By de slachtoffers is ûnder oare in monteur fan ynstallaazjebedriuw Feenstra. Dy hie de wurkbus op de oprit by syn hûs yn Donkerbroek stean.
"Onze medewerker is uiteraard geschrokken. Het is heel vervelend voor hem natuurlijk", seit in wurdfierder fan Feenstra. It ynstallaasjebedriuw hie al maatregels naam om ynbraken lykas dizze foar te kommen. "Er zitten extra sloten op dit soort bussen, maar als ze de bus openknippen, dan is er geen houden meer aan." Hoe grut oft de skea is, is noch net dúdlik.
Der is in stik út de wurkbus knipt © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn itselde Donkerbroek is ek zzp'er Erwin Hoekstra troffen. De wurkbus foar syn bedriuw Wood Legacy hie er noch mar sûnt novimber. By him ha se de sydkant iepenknipt, mar se koenen neat meinimme. "Ik helje de bus foar de nacht hielendal leech, dus yn myn bus falt neat te heljen", fertelt Hoekstra. De fersekering fergoedet de skea, mar hy hâldt syn hert fêst. "Ik ha gjin garaazje, dus dan bliuwt it spannend."
Hy tinkt dat der in ynternasjonale binde achter sit. "Al dat djoere ark giet de grins oer, der wurdt dik oan fertsjinne." De ynbraken komme net út de loft fallen. "It wie net wachtsjen op oft dit in kear gebeure soe, mar earder wannear", seit Hoekstra.

Plysje docht ûndersyk

De plysje befêstiget it byld. "We hebben 7 meldingen van inbraak in werkbussen gekregen uit Donkerbroek en 5 meldingen uit Peize", seit wurdfierder Sascha Suselbeek. Dochs is it neffens him noch te betiid om te praten oer it wurk fan in kriminele binde. "We onderzoeken of de meldingen overeenkomstig zijn aan elkaar."
Se roppe minsken op dy't itselde oerkaam is om har by de plysje te melden. "Dat willen we uiteraard altijd bij een misdrijf." Dochs komt de plysje wol mei in warskôging. "Haal waardevolle spullen uit je auto."