Gryt van Duinen wie "earste froulike Omropsjoernalist", mar ek "mem fan Simmer 2000"

Gryt van Duinen © Omrop Fryslân
Omrop Fryslân-ikoan Gryt van Duinen is yn de nacht fan moandei op tiisdei op 72-jierrige leeftiid ferstoarn. Programmamakker Geart de Vries, âld-foarsitter fan de Alvestêdeferiening Henk Kroes en âld-deputearre Sicko Heldoorn tinke oan har werom.
Yn de sniewinter fan 1979 waard Van Duinen de bekendste stim fan Fryslân. Radio Fryslân stjoerde dagen efterinoar út en as presintatrise hold se Fryslân op 'e hichte fan it nijs oer it ekstreme waar. "Elkenien hearde nei dy berjochten wat der oan de hân wie yn Fryslân en Gryt wie dêr in hiele promininte stim yn", fertelt Geart de Vries.
Van Duinen wie yn 1975 ek de earste froulike sjoernaliste fan Omrop Fryslân. "Net in echte nijsjager, mar wol ien dy't enoarm goed mei minsken prate koe en hiel minsklike problemen en saken yn har programma's nei foaren brocht", seit De Vries. "Se hie talkshows foar de radio, praatprogramma's, en dêr harken ek in hiel soad minsken nei. Sy koe enoarm goed ûnderwerpen útsykje dy't derta dienen."
Ald-Omropkoryfee Gryt van Duinen ferstoarn
Dêrneist wie Van Duinen de betinker fan Simmer 2000, de grutte reüny foar Friezen yn it jier 2000. Ald-foarsitter fan de Alvestêdeferiening Henk Kroes wie dêr ek nau by belutsen.
Neffens Kroes kin Van Duinen wol de mem fan Simmer 2000 neamd wurde. "Ja, absolút. Gryt hat it inisjatyf naam. Dy is dermei begûn en hat letter minsken om har hinne sammele om it stal te jaan en út te fieren."
Se kaam op it idee foar de Friezereüny yn 1989. Kroes tinkt dat it úteinlik mear wurden is as dat Van Duinen ea hope hie. "It is in prachtich feest wurden. Allinnich ien ding foel ús wat ôf. It oantal emigranten dat hjir kommen is, wie úteinliks minder as wat wy tocht hienen." Dochs wie it tige slagge, seit Kroes. "Fryslân hat sjen litten dat it grutsk op dizze provinsje is."

Polityk aktyf

Van Duinen wie ek polityk aktyf. Foar de PvdA siet se fjouwer jier yn Provinsjale Steaten. Ald-deputearre Sicko Heldoorn, partijgenoat en foaral ek persoanlike freon fan har, wit it noch goed. "It wie eins it yntermezzo fan Gryt dat se in kear yn de Steaten kaam. Mar se wie altyd al polityk aktyf en aktivistysk ek. Se ynterviewde altyd politisy en folge de provinsjale polityk. Se wie al hiel lang lid fan de Partij van de Arbeid, mar dat liet se yn har wurk natuerlik net merke."
Yn 2007 kaam Van Duinen yn de Steaten. "It wie geweldich wat se ynbrocht oan kleur, oan ideeën en it oprjochte gefoel foar lânskip, foar kulturele identiteit", seit Heldoorn. "Dochs wie it net echt har ding, want alles duorre har te lang. Sy woe fuortendaliks oan 'e slach mei in idee, om it wier te meitsjen."
Yn 2013 naam Van Duinen ôfskied fan Omrop Fryslân, se hie doe al sûnensklachten. De lêste jierren wenne se yn Wytmarsum yn in tehûs foar minsken mei alzheimer.