Undernimmers Harns sjogge út nei The Passion, mar: "Het is wel lastig"

© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Yn Harns is al in soad te fernimmen fan The Passion. Kommende tongersdei fynt it telefyzjespektakel plak, mar net alle ynwenners fan de havenstêd sjogge der echt nei út.
Foar de lokale ûndernimmers is it moai dat it evenemint yn de stêd is, mar der is ek krityk. Se binne net meinaam yn de plannen, wylst it foar harren wol gefolgen hat.
"Dat maakt het soms wel lastig. Je komt Harlingen binnen en je ziet ineens borden: afgesloten", seit Gerard de Boer van Ondernemend Harlingen. "We laten het over ons heen komen, gelaten."
Guon ûndernimmers en ynwenners fan Harns sjogge it nut net yn fan The Passion
Dochs bringt The Passion ek wol foardielen mei foar de ûndernimmers, seit De Boer. "Mooiere reclame kun je niet hebben." Hy ferwachtet dat der al wat drokte komme sil. "Dat hopen we wel. We verwachten een hoop toeschouwers, die besteden toch geld in Harlingen."
Mar foaral nei Peaske moat it drokker wurde. "Het is toch twee uur Harlingen-promotie. Er zijn al opnames gemaakt op de mooiste plekken van Harlingen, mooier kan niet."
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts