Proef mei ferbouwen fan grûnstoffen foar soajafleis en hjouwermolke

Hjouwer © FrieslandCampina
Produkten as hjouwermolke en soajafleis wurde hieltyd populêrder wurde en dêrom begjinne suvelkonsern Friesland Campina en feefoerbedriuw Agrifirm in proef. Tritich boeren in Nederlân sille soaja en hjouwer, oftewol haver, ferbouwe. Foar feefoer, mar benammen foar minsklike konsumpsje.
By Holwert hawwe guon boeren in mingd bedriuw mei fee, ierappels en oare gewaaksen. Se stean wol iepen foar eksperiminten om duorsumer te buorkjen. Se dogge dêrom mei oan de proef om hjouwer te ferbouwen.
"De boarger yn de stêd hat it mar oer plantaardige produkten. No, dêr hawwe wy wol in idee by om oan mei te dwaan", leit dielnimmer Frans Antonides út. "It sil nea sa wêze dat eltsenien oergiet op hjouwermolke. It sil in lytse nichemerk bliuwe, mar je kinne it better sels yn je winkeltsje hawwe as dat se nei in oar ta gean."
Boer Frans Antonides út Holwert docht mei oan it ferbouwen fan hjouwer en soaja
FrieslandCampina en Agrifirm betelje krekt wat mear as de merkpriis en se garandearje dat se it ôfnimme sille. Sa hoege grûnstoffen as bygelyks soaja net ymportearre te wurden út lannen as Brazilië wei, dêr't se der oerwâld foar kapje. Der is noch wol in probleem: soajabeantsjes wolle yn Fryslân net groeie.
"Soaja is in 'warmteminnend' gewaaks en dat falt hjir net ta", wit Antonides. "Wy hawwe wol wat proeven dien mei fjildbeanen. Dat slagget wol, dêr hawwe wy wol wat opbringst fan. Op dit stuit wurdt it allinnich brûkt as soajaferfanger foar feefoer, mar miskien kin it yn de takomst ek brûkt wurde foar minsklike konsumpsje."
Frans Antonides op syn hiem by Holwert © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De grûn oan de Waadkust is it meast geskikt foar ierappels, mar dat moat de boer ôfwikselje mei in oar gewaaks yn ferbân mei ierappelsykten. "It moaiste is datst foar de ierappels út in rêstgewaaks hast", fynt Antonides.
"Faak yn de foarm fan gers of graan. De ikkerbouwers hjir hawwe it leafst graan. No brûke se koarn of weet, mar hjouwer kin likegoed." Dat ferbouwe se hjir al op lytse skaal foar koekjes of músly, mar aanst dus ek foar de molke.