Studinten Friese Poort meitsje libbensecht fikingskip út alfde iuw seeklear

Studint Sophie Schouwstra by it Fikingskip © Omrop Fryslân
It is in skip fan fyftjin meter lang, komt út de alfde iuw en de Fikingen hawwe der noch de noardlike seeën mei op west. Alteast mei it ûntwerp, it skip dat yn de opliedingswerf fan ROC Friese Poort yn Snits stiet is in replika, mar it sil aanst wol echt it wetter yn.
It skip waard fjouwer jier lyn makke foar in tentoanstelling yn it Fries Museum. De skoalle hat 'm no wer weromkrigen fan it museum en dan wolle je der ek mei farre fansels. Mar om dat foarinoar te krijen moast der noch wol in soad barre. In learsum projekt tocht, de skoalle.
Studinten meitsje fikingskip út alfde iuw seeklear
Ferskate opliedingen wurkje gear oan de boat, want by it seeklear meitsjen komme meardere dissiplines om 'e hoeke sjen. Sa moatte der seilen op, moat der ynterieur makke wurde en komt der in mêst op it skip. Mar ek de keunstige drakekop oan de foarkant wurdt nij makke.
It skip, dat de Waterdraak hjit, moat yn maaie seeklear wêze.