HEA! Klear foar it nije kampearseizoen

HEA! Camping Ykema yn Sânfurd
Pieter en Jildou Ykema meitsje harren camping oan it wetter yn Sânfurd klear foar it nije seizoen. Heit Ygram helpt mei.
De sylboaten wurde optuge, de caravans teplak set en de waskhokken skjinmakke. Camping Ykema bestiet sûnt 1965. Pake en beppe begûnen mei in fjildsje foar tinten by de buorkerij. Heit Ygram en mem Fokje namen sa'n tritich jier ferlyn de camping oer en sûnt in jier binne Pieter en Jildou de baas. Mar heit en mem helpe noch geregeld mei.