Deropút mei it moaie waar? Fersteur de natuer dan net, dat kin jild kostje

Mei it moaie waar lûke hieltyd mear minsken de natuer wer yn, mar just yn dizze tiid fan it jier binne de bisten kwetsber. Dêrom wurde der de kommende tiid ekstra kontrôles holden yn de Fryske natuergebieten, om fersteuring foar te kommen.
"It is drok yn de natuer", sjocht Pieter Hofstra, direkteur fan de Friese Uitvoeringsdienst Milieu en Omgeving (FUMO). De dagen wurde langer, minsken wolle der wer op út. En dat yn in tiid dat de bisten just it meast kwetsber binne no't sy jongen krije.
Dêrom wurdt der mear tafersjoch hâlden yn de Fryske natuergebieten. "Wy sjogge dat it noch beslist nedich is. Der wurde nochal wat proses ferbalen opmakke." Op buorden foar in natuergebiet stiet oanjûn wat wol en net mei.
Fûgels lizze aaien, bisten hawwe jongen. "Je sjogge it sels wol lâns de diken dat der aardich wat bisten deariden wurde, sy hawwe de kop der bytiden net hielendal by en dat is logysk yn dizze tiid", seit Hofstra.
Losrinnende hûnen
Dêrom is de kâns datst in natuertafersjochhâlder of boa tsjinkomst yn it bosk in stik grutter op dit stuit. Dy kontrolearje oft minsken net bûten de paden rinne, dat mountainbikers, motorkrossers, hynders, of fiskers op de goeie plakken harren hobby útfiere.

It probleem dat it meast foarkomt en dêr't de measte boetes foar útdield wurde, is neffens Hofstra it los rinne litten fan hûnen.
Hûndert euro
"Wy hawwe it idee dat it tal losrinnende hûnen tanimt, minsken hawwe yn de coronatiid in hûn kocht en komme dan yn gebieten dêr't de hûn net los mei bygelyks. Dat kin in soad fersteuring opleverje, de hûnen rinne dan achter it wyld oan." Boetes foar hûne-eigeners dy't hûnen losrinne litte op plakken dêr't it net mei binne sa'n hûndert euro.
"Dat tikket ek wol moai oan, dus doch dat net", ropt Hofstra op. "Yn earste plak foar de natuer, mar ek foar it jild."