Twa Fryske camperplakken nominearre foar moaiste camperplak fan it jier

Frij sicht oer de Ie © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It camperseizoen is wer begûn. En dat net allinnich: de striid om it moaiste camperplak fan 2023 is ek úteinset. Fan de fiif nominaasjes yn Nederlân binne der twa yn Fryslân. Yn Blesdike en yn Sibrandahûs oan de Dokkumer Ie.
Camperplak Oan 'e Ie is fan de famylje Wiegersma. Sy hawwe sûnt trije jier in camperplak by de pleats. Se dienen in soad fee fuort en hawwe no plak foar fyftjin campers. Fan it wykein gienen se wer iepen en der wienen fuortendaliks gasten. De oernachtingslokaasje krijt in soad positive reaksjes op ynternet.
"Se sizze altyd dat it hjir sa moai is, omdat hjir it iepen Fryske lânskip te sjen is", seit IJkie Wiegersma. "Kinst alle kanten útsjen. Fan de fjoertoer oant Ljouwert en de tsjerketuorren. Do hast hjir frij útsicht."
Simmerdeis fart der in soad boatsjefolk. De gasten kinne ek in kampfjoer meitsje. By de reviews stiet fierder dat de eigeners aardich en gastfrij binne.
Twa Fryske camperplakken yn de striid foar moaiste camperplak
De Wiegersma's binne ophâlden mei it grutste part fan harren feehâlderij, omdat se it wat rêstiger oan dwaan woenen. Yn de stâl (dêr't gasten de fyts ûnderdak sette kinne) rint noch in lyts keppeltsje kij en in ponny om. It oantal plakken foar de camper is beheind.
Der is wol mear plak, mar de Wiegerma's kieze derfoar om it allegear wat oersichtlik te hâlden. It moat net te folle wurk wurde, fine se. It omgean mei gasten befalt se goed. Wy binne echte minske-minken, sizze se.
Adriaan Vonk fan Bunnik (Utert) is ien fan de betide gasten. Hy hat hjir earder alris west en komt hjir graach mei frou, hûn en motor. "Ik kom voor de omgeving en ook voor de plek waar we staan. Er zijn hier hele mooie wegen voor de motor en die gaan we graag verkennen."
Romme plakken © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De wedstriid is útskreaun troch Campercontact. Dat is in ynternasjonaal platfoarm foar camperaars. Dy kinne hast 48.000 camperlokaasjes beoardielje yn 58 lannen. De Wiegersma's hoopje earste te wurden. Stimme op ien fan de nominearre camperplakken kin oant en mei 16 april.