Rekôrtal dielnimmers foar it Lyts Frysk Diktee, finale hjoed yn Provinsjehûs

Skoalbern yn Lekkum © Leo Middelsé, Ilona de Vries
It Lyts Frysk Diktee, in diktee foar 50 bern út de heechste groepen fan it basisûnderwiis, wurdt tiisdei holden. Fyftich bern steane yn de finale en nimme it tsjininoar op yn de Steateseal yn it Provinsjehûs. In rekôrtal bern die dit jier mei oan de kwalifikaasje.
Wylst moandei it Grut Frysk Diktee oankundige waard, wie op de eftergrûn it Lyts Frysk Diktee al langer oan de gong. Alteast de kwalifikaasje. Ferdield oer 38 skoallen besochten 750 bern harren te pleatsen. "Dat is in nij rekôr", seit Eelke Goodijk fan ûnderwiisynstelling Cedin. "Wy binne o sa bliid mei de respons fan de skoallen."
Ferline jier diene der 16 skoallen mei. "Dat is no mear as it dûbelde. It soe moai wêze as it sa trochset. It komt miskien ek wol troch it omtinken dat der op skoallen is foar Taalplan Frysk."
Yn dat taalplan, dat de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis fersterkje moat, hawwe skoallen ôfpraat om mear omtinken oan de Fryske taal te jaan yn de lessen.

Dreech diktee

Nei in hapke en in drankje is it dan echt tiid foar "in pittich diktee", fertelt Goodijk. "Dêrnei sille wy nei de Steateseal, dêr't gewoanwei it Fryske regear sit. Dêr lêst skriuwster Tialda Hoogeveen it diktee foar."
Hoogeveen hat it diktee meiskreaun. Sy skreaun earder boeken foar dizze leeftiidsgroep, lykas Abe en de Aardichman en Maia en har freonen. It Lyts Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, Cedin, Provinsje Fryslân en de Fryske Akademy.
It Grut Frysk Diktee hat plak op tiisdei 23 maaie en wurdt op woansdei 24 maaie útstjoerd by Omrop Fryslân. De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan de Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin), de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer it Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.