Monumintaal kafee De Veehandel yn Spangea wachtet metamorfoaze

Kafee De Veehandel fan de foarkant © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Mar leafst 66 nije heipeallen geane der de grûn yn: it monumintale kafee De Veehandel yn Spangea wurdt folslein ûnder hannen naam. It âlde kafee is boud foar 1900 en dat is te sjen. It is krekt oft de tiid stilstien hat.
Wichtichste reden foar de ferbou fan it monumintale pân: de fersakke boaiem. De boaiemdelgong yn it feangreidegebiet en it feroarjende wetterpeil litte harren spoaren efter yn de muorren fan it monumintale kafee.

14 sintimeter fersakke

Der sit in ferskil fan 14 sintimeter tusken de iene kant fan it gebou en de oare kant. De bouput sil dan ek net samar klear wêze: "Het kan zomaar 10 jaar duren", seit eigener Carolien de Vries. "De eerste paal ging er vanochtend om half elf in, dus nu hopen we dat de fundering gestalte gaat krijgen."
Om foar te kommen dat der muorren ynstoarte troch de wurksumheden is alles skoarre (gestut).
Lange tiid hat it kafee der dus fertutearze by stien. "Er is 40 jaar geen onderhoud gepleegd. De fundering is verzakt. Je ziet het aan de muren, daar zitten scheuren in. Het staat niet meer stevig." It pear De Vries seach fernuvere op doe't se muorreskilderingen tsjinkamen. "Dat komt uit een tijd toen er nog helemaal geen behang werd geplakt."
Fytsers dy't foarby komme, kinne yn it gebou njonken it kafee telâne foar in hapke of in drankje. It is net it earste projekt dat it pear De Vries by it ein hat. "Dit is ons derde pand. Wij rijden hier al 20 jaar langs. Soms moet je een beetje gek zijn als je hier in wilt stappen. Mijn man en ik hebben liefde voor oude gebouwen."
Monumintaal kafee De Veehandel yn Spangea wurdt ferboud
"Het is een tolhuis geweest vroeger, er werd vee verhandeld en het was een logement. Het is een karakteristiek gebouw." Omdat it om in gemeentlik monumint giet, sille ek de provinsje en de gemeente Weststellingwerf bydrage oan de renovaazje.
"Het wordt geen oud bruin café, maar knus en gezellig. We proberen de geschiedenis met foto's terug te laten komen. We willen het zo opknappen dat het voor de toekomst bewaard blijft", slút De Vries ôf.