Friezen makken 8.000 kear beswier tsjin WOZ-wearde yn 2022

Beswier tsjin de WOZ-wearde © ANP
8.000 Friezen hawwe it ôfrûne jier beswier makke tsjin de WOZ-wearde fan harren hûs. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân waard it faakst beswier makke.
Dat docht bliken út ûndersyk fan ferlikingssite Independer. It ûndersyk is basearre op sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS), kennisynstitút COELO en tasichthâlder de Waarderingskamer.
Wat is de WOZ-wearde?
De WOZ-wearde is in skatten merkwearde fan in hûs. WOZ stiet foar 'Waardering Onroerende Zaken'. De WOZ-wearde bepaalt hoefolle belesting en gemeentlike heffingen oft hûseigeners betelje moatte. Dan giet it bygelyks om wetterskipslêsten of ûnreplikesaakbelesting.
De WOZ-wearde wurdt troch gemeenten bepaald mei in taksaasje, wêrby't soartgelike huzen mei-inoar ferlike wurde. Der wurdt ek sjoen nei oerflakte, ynhâld en lizzing.
Minsken dy't it net iens binne mei de WOZ-wearde kinne oant seis wiken nei de beskikking beswier meitsje by de gemeente. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân waard it meast beswier oantekene fan ús provinsje (1.540 kear). Ljouwert stiet mei 1.280 kear op plak twa en yn Noardeast-Fryslân waard 916 beswier oantekene.
Op Skiermûntseach waard de WOZ-wearde fan 8,1 persint fan de hûzen op it eilân bestriden. Dat persintaazje leit yn gjin inkelde oare gemeente yn ús provinsje sa heech.