Bosk fan Arcadia wint lanlike evenemintepriis foar ynnovaasje

It swalkjende bosk fan Arcadia hat de ynnovaasjepriis wûn by de Nationale Evenementenprijzen. Yn 2022 waard de Ljouwerter binnenstêd 100 dagen lang grien kleure troch 1.000 beammen dy't troch de stêd kuieren.
"De jury was erg onder de indruk van dit innovatieve evenement, dat een actueel onderwerp op zeer creatieve wijze tot het gesprek van de stad maakte. Op deze manier is met de kracht van kunst en cultuur een bijdrage aan deze maatschappelijke transitie gedaan", stiet yn it sjueryrapport.
It projekt wie in ferfolch op Kulturele Haadstêd 2018. Oan it kuierjende bosk wienen ek edukaasje- en ferdjippingsprogramma's keppele.
Yn de kategory 'beste publieksevenement' wie de Snitswike nominearre. Dat evenemint moast it lykwols ôflizze tsjin it blommekorso fan Sint Jansklooster.