Tsien punten foar de steatssekretaris om lûdsoerlêst fleanbasis te beheinen

Steatssekretaris Van der Maat (links) wurdt bypraat troch Geert Verf (midden) © Omrop Fryslân
Steatssekretaris Christophe van der Maat fan Definsje wie moandei op wurkbesite yn Marsum. Hy krige dêr in tsienpunteplan oerlange om de oerlêst om de fleanbasis hinne te beheinen.
Van der Maat wie yn Marsum op útnûging fan de provinsje. Kommissaris fan de Kening Arno Brok hie him frege del te kommen om sa bypraat te wurden oer de oerlêst om de fleanbasis hinne.
Foar de doarpsbelangen om de fleanbasis hinne wie it de kâns om harren tsien punteplan te presintearjen. Mei ien spearpunt, sa seit Geert Verf fan doarpsbelang Marsum: "It advys oer de noarmearring fan it maksimale lûdsnivo. Dat mei eins net boppe de 115 desibel komme." Dat is in noarm dy't fêstlein is troch de WHO, de wrâldsûnensorganisaasje.
Steatssekretaris op wurkbesite yn Marsum
"Wy mjitte mei it lûdsmjitnet dat sa'n 100 kear yn de moanne de pyk helle wurdt", seit Verf. "Wat wy wolle, is dat dy pyk derút giet." Verf begrypt ek dat it dreech wurdt dat tal fuort nei nul te krijen. "Wy wolle ek gjin wetjouwing, dat duorret te lang. Wy wolle it commitment ha fan Definsje om der wat oan te dwaan."

'Fingers yn de earen'

Van der Maat is bliid mei de opstelling fan de doarpsbelangen: "Het is heel zorgvuldig ingebracht door de mensen hier. We gaan het gesprek dan ook aan." Hy kin allinnich net tasizze dat der fuort wat feroaret: "Je hebt niets aan een staatssecretaris die zegt: 'het kan wel' of 'het kan niet'. Ik vind het mooi dat ze zeggen: 'hier zit onze zorg'. We willen samen kijken hoe we er iets aan kunnen doen."
De steatssekretaris hat der sels ek ûnderfining mei. "Ik ben zelf opgegroeid onder een vliegbasis. Ook ik zat met vingers in m'n oren in het klaslokaal."

Isolaasje

Ien fan de oare punten dy't oanhelle is, giet oer de lûdsisolaasje fan de huzen. Der is yn it ferline tasein dat dêr nei sjoen wurde soe. Dêr liket no skot yn te kommen. "Wij zijn nu aan het kijken wat we kunnen doen. Maar dat moet hier in Marsum hetzelfde zijn als in Volkel. Daar mag geen verschil in zitten", seit Van der Maat.
"Der wurdt no troch it Nationaal Lucht- en Ruimtevaartlaboratorium rekkene op mjittings dy't dien binne yn de huzen. Dat duorret noch twa moannen", seit Geert Verf. As foarsitter fan doarpsbelang Marsum siet hy by it oerlis. "Dat is fansels fierstente lang. Dit hie al folle earder moatten. Mar dat begrypt de steatssekretaris wol, ús ergernis dêroer."
Verf en syn kollega fan doarpsbelang Koarnjum-Jelsum sjogge tefreden werom op de besite. "Ja, it wie in tige goed petear. Hy wit wêr't hy it oer hat."
Van der Maat die de tasizzing dat hy foar de krystdagen mei dúdlikheid komt oer de 10 punten út de doarpen wei.