Alex Bangura wol noch sân wedstriden fjochtsje foar Cambuur: "En dan in de zomer vertrekken"

De kâns is grut dat oanfierder Alex Bangura dwaande is oan syn lêste seizoen by SC Cambuur. Hy hat in ôfspraak mei de klup dat er kommende simmer fuort mei.
Dat fertelt de 23-jierrige fuotballer yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Yn novimber fan ferline jier is der gebrûk makke fan de opsje yn syn kontrakt. Dêrtroch stiet hy ek kommend seizoen noch ûnder kontrakt yn Ljouwert.
"Maar toen mijn optie werd gelicht, is het wel gebeurd met de insteek om aankomende zomer te vertrekken", fertelt Bangura. Dy ôfspraak is lykwols makke mei Foeke Booy, dy't dwaande is oan syn lêste moannen as technysk manager.
Etiënne Reijnen nimt it fan him oer en is mei yngong fan it nije seizoen de nije technysk direkteur. Bangura sil ek noch mei him om tafel. "Ik moet nog wel een gesprek hebben met Etiënne Reijnen. Ik zie het wel. Uiteindelijk is dat op dit moment ook niet heel belangrijk."
Want it meast wichtige yn de eagen fan Bangura is op dit stuit de dramatyske prestaasje fan Cambuur. Nei it debakel tsjin Excelsior (4-1 nederlaach) waard der ôfrûne sneon mei 2-1 ferlern fan in oare konkurrint, FC Emmen.
"Wij geloven er nog in"
Dêrtroch bliuwe de Ljouwerters lêste mei acht punten efterstân op plak sechtjin. As je dêr einigje, ûntrinne je direkte degradaasje en moatte je neikompetysje spylje om liifsbehâld.
De manlju oan tafel binne der wol oer út dat degradaasje net mear foar te kommen is foar Cambuur. Al is der ien dy't dêr oars oer tinkt: Bangura. "Wij geloven er nog wel in. Het ziet er misschien heel uitzichtloos uit en dat begrijp ik zelf ook wel, maar ik ga niet zeggen dat het nu al klaar is."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.
Op besite by AZ helle sc Hearrenfean in knap punt troch mei 1-1 lyk te spyljen. Sportferslachjouwer Roelof de Vries wie lykwols frustrearre oer twa saken: it smiten fan fjoerwurk op it fjild troch Feanfans en it takennen fan it doelpunt fan AZ. Dat wie nammentlik in diskutabele goal.
De diskusje gie oer oft de ynset de doelline wol of net oer wie. "Ik fûn it in yrritante beslissing", seit De Vries. "Kinst net sjen oft er der foar 100 persint oerhinne is. We hawwe gjin inkeld kamerastânpunt sjoen wêrby't je it 100 persint wis sizze kinne. Dus de fideoskiedsrjochter kin dat net sizze."