Vitens sjocht fraach nei drinkwetter tanimmen, RIVM warskôget foar tekoart

Komt der in tekoart oan drinkwetter? © ANP
Wetterbedriuw Vitens is yn Fryslân drok op syk nei mear kapasiteit om drinkwetter te produsearjen. Yn ús provinsje is op de koarte termyn noch gjin tekoart, mar de fraach nei drinkwetter nimt wol bot ta.
Dat seit Jeroen Bruning fan Vitens. De oprinnende fraach nei drinkwetter komt neffens him ûnder mear troch de bou fan nije wenten. "Als er nieuwe woningen worden gebouwd, moeten die ook aangesloten worden op schoon en veilig drinkwater."

De skouders derûnder

Foar Fryslân is it benammen fan belang om de kommende tiid nije wetterboarnen operasjoneel te meitsjen. "En in Nij Beets en Boornbergum is Vitens aan het kijken om de drinkwaterwinning daar uit te breiden."
Neffens Bruning moatte de skouders derûnder. "Het is een samenspel tussen provincies, waterschappen en drinkwaterbedrijven, zodat we de afgegeven vergunningen met spoed in bedrijf kunnen zetten."
De wetterkwaliteit is yn Fryslân wol aardich goed, al foarmet it sâlter wurden fan it lân wol in bedriging. Dêrby kringet it sâlt troch yn de swietwetterlaach.

Tanimmende fraach

It RIVM advisearret it ryk, de gemeenten, de provinsjes en de drinkwetterbedriuwen om mei elkoar de knyppunten oan te pakken. "Anders hebben we in 2030 een tekort aan drinkwater. Wij verwachten in Fryslân dat in 2030 de vraag naar drinkwater naar 57 miljoen kuub toeneemt", seit Bruning.
Vitens ropt minsken op om safolle mooglik wetter te besparjen. "Dat kan door iets minder lang te douchen en te kijken naar hoe we water beter kunnen vasthouden. Bijvoorbeeld door het water zelf op te vangen in een regenton en dat water te gebruiken om de tuin in het voorjaar mee te sproeien."