Persoan ferwûne by ynsidint yn GGZ-ynstelling op It Hearrenfean

Helptsjinsten oan de Parallelwei op It Hearrenfean © SRFotografie
By in GGZ-ynstelling oan de Parallelweg op It Hearrenfean is moandeitemiddei in persoan ferwûne rekke. De plysje krige in melding fan in stekpartij, mar lit witte dat der gjin sprake is fan in misdriuw.
Ferskate plysjeweinen, twa ambulânses en in traumahelikopter kamen te plak. It ynsidint hie plak by in wenlokaasje fan MindUp.
Ien persoan wurdt behannele troch it traumateam. It is net bekend hoe't it slachtoffer deroan ta is.