Needopfang op cruiseskip yn Harns bliuwt langer iepen

Dit cruiseskip yn Harns tsjinnet as needopfang © Gemeente Harns
It opfangskip River Diamond, dêr't 170 flechtlingen op ferbliuwe, kin ek nei de eindatum fan 1 maaie yn Harns lizzen bliuwe. De gemeente jout dêrmei gehoar oan in oprop fan ynwenners fan Harns en steatssekretaris Van den Burg om de opfanglokaasje langer iepen te hâlden.
De regy oer de opfanglokaasje moat neffens de gemeenteried wol yn hannen fan de Veiligheidsregio bliuwe, lykas de ôfrûne moannen it gefal wie. It COA soe dy ferantwurdlikheid oars krije. "We zien dat het het COA over de schoenen loopt. Daarom moet het regime hetzelfde blijven", seit boargemaster Ina Sjerps.

Untheffing

It skip leit al in pear moannen yn de haven fan Harns. Gewoanwei is in ûntheffing nedich as skippen langere tiid op itselfde plak lizzen bliuwe, mar de gemeente hat besletten om net te hanthavenjen.
Boargemaster Ina Sjerps fan Harns © Omrop Fryslân
"We hebben tot nu toe geen overlast in Harlingen", fertelt de boargemaster. De opfang foldocht oant no ta goed. "Mensen weten heel duidelijk wat de regels zijn, het gaat heel goed. Er zijn ook vrijwilligers die mensen begeleiden en uitleggen wat je in Nederland wel en niet kunt maken."
"Harlingen levert nu met dit besluit een behoorlijke bijdrage. Het is naar de omvang van onze gemeente een grote opvang." Formeel moat it beslút noch nommen wurde, leit Sjerps út. "Maar er heeft niemand belang bij dat dit stopt."