Sjongeres Iris Kroes skriuwt it Grut Frysk Diktee, kwalifikaasje is iepene

Sjongeres Iris Kroes skriuwt it Grut Frysk Diktee © Omrop Fryslân
Twirrewyn, skroarjûn, sabeare en noaskje. Op tiisdei 23 maaie wurdt yn de Steateseal fan it Provinsjehûs wer It Grut Frysk Diktee holden. Sjongeres Iris Kroes skriuwt dit jier de dikteetekst.
Kwalifisearje foar it diktee kin fan hjoed ôf troch it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl te meitsjen.
De dikteetekst wurdt dit jier skreaun troch sjongeres Iris Kroes: "Yn earste ynstânsje tocht ik: 'Dit kin ik hielendal net', want myn Frysk is net perfekt. Mar ik fyn it in hiele moaie útdaging en bin fuortendaliks it Fryske wurdboek yndûkt." Kroes lit witte dat it diktee gean sil oer in bepaalde faze yn it libben.

Teams

Njonken de tweintich kandidaten dy't harren kwalifisearje, sille ek fiif teams de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier binne Fryske artysten, sjoernalisten, dûmnys, pabûstudinten en in groep jongerein fan in keet.

Kwalifikaasjediktee

Minsken dy't op 23 maaie graach meidwaan wolle oan it Grut Frysk Diktee, moatte harren dêrfoar kwalifisearje. Fan 3 april oant 30 april kin elkenien online it kwalifkaasjediktee meitsje. De bêste 20 dielnimmers bemachtigje in plak yn de Steateseal.
It Grut Frysk Diktee wurdt op woansdei 24 maaie útstjoerd by Omrop Fryslân. De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan de Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin), de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer it Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.