ProRail úteinset mei wurksumheden oan it spoar tusken Starum en Molkwar

ProRail is moandeitemoarn úteinset mei de wurksumheden oan it stik spoar tusken Starum en Molkwar. Dêr waard yn maart in dasseboarch ûnder it spoar fûn. Troch gefaar foar fersakking wurdt it stik spoar tydlik net mear brûkt.
"Het is een hele grote ingreep", seit Mirjam de Witte fan ProRail. De wurksumheden wurde moandei taret. "Morgen wordt er 150 meter aan rails weggehaald, daarna kunnen we graven, dat moet heel voorzichtig gebeuren."
De dasseboarch bestiet út tsientallen hoalen, dy't troch de druk fan in trein samar ynstoarte kinne. Omdat de das beskerme wurdt, mochten de bisten net samar fuorthelle wurde. Mei it oanlizzen fan in keunstboarch binne de dassen yntusken fuortlokke. "De dassen hebben een weekje rust gehad om te zorgen dat ze zelf naar de kunstburcht toegaan."

Kosten

De wurksumheden duorje nei alle gedachten trije wiken. "Het is een aardig kostenplaatje. Zoals het er in Fryslân naar uitziet loopt het op naar 1 miljoen euro." Der sille stekken en gaas pleatst wurde om foar te kommen dat de dassen weromkomme.
Fanwege it gefaar op fersakkingen rieden earder al bussen tusken Starum en Molkwar. Salang't der noch oan it spoar wurke wurdt, bliuwt dat sa.