Dizze robot helpt skjinmakkers yn it sikehûs om baktearjes te deadzjen

It is net de bedoeling dat himmelrobot Sam it skjinmakpersoniel yn it Ljouwerter sikehûs MCL oerstallich makket, mar as help kin er tige brûkber wêze. It apparaat kin neffens de makkers 99,9 prosint fan de sykte feroarsaakjende baktearjes deadzje.
De robot liket op in soarte fan rjochtopsteande tl-buis op in ridend ûnderstel. "Het dient als gereedschap voor schoonmaakmedewerkers om een ruimte sneller en veiliger te desinfecteren", fertelt Mark van de Vrede. Hy is mei-oprjochter fan Loop Robots, it bedriuw dat de robot ûntwikkele hat.
Sam kin romten as ferpleechôfdielingen of operaasjekeamers skjinmeitsje. Dat docht er ek yn de 'bereidingsapotheek', in romte dêr't medisinen makke wurde foar de pasjinten. "Het is heel belangrijk dat zo'n ruimte schoon is en vrij is van micro-organismen", leit Van de Vrede syn kollega Per Slycke út. "Daarom moet die ruimte gedesinfecteerd worden."
Dit is hoe't de robot wurket:
Robot Sam kin hast alle baktearjes yn sikehûzen deadzje
It gebeurt ek yn romten dêr't pasjinten lein ha. "De volgende patiënt die er komt te liggen moet zo weinig mogelijk risico lopen om eventuele bacteriën, virussen of schimmels van de vorige patiënt over te nemen."
Dat skjinmeitsjen docht de robot mei in hiel sterk ljocht: UVC. "Dat zijn een soort ultravioletlampen", seit Van de Vrede. "Dat kan het DNA of RNA, het erfelijk materiaal van micro-organismen, kapotschieten. Daardoor kunnen die organismen niet meer vermenigvuldigen en zijn ze direct onschadelijk voor mensen."
Hast twa oeren tiidswinst
De robot kin yn goed tsien minuten in romte fan 30 kante meter skjinmeitsje, neffens Van de Vrede. In meiwurker soe der yn syn ientsje twa oeren oer dwaan. "Die zou met een microvezeldoek en een chemisch middel elk oppervlak aanraken om het te desinfecteren."
It apparaat rydt troch in romte om oeral it ljocht te fersprieden. Hy bringt sels de romte yn kaart en betinkt dan hoe't er oeral by komme kin. "Op één accu zou hij ongeveer vijftien van deze ruimtes kunnen desinfecteren. Als-ie dan helemaal leeg is, duurt het ongeveer 2,5 uur om weer helemaal op te laden."
Als we in dezelfde ruimte blijven staan, dan krijgen we lasogen en een verbrande huid.
Mar in ferfanger fan it personiel wurdt de robot net, seit Doreen de Jong. Sy wurket foar de skjinmaktsjinstferliening fan it MCL. "Mensen zijn ons voornaamste goed", seit se. Foardat de robot troch in romte hinne gean kin, moatte meiwurkers der bygelyks foar soargje dat der gjin stof of oare smoargens mear yn leit. "We kunnen dus nooit zonder onze mensen, maar de robot zou een goede ondersteuning zijn."
Dat fereasket wol wat soarch en planning, want de meiwurkers kinne net yn deselde romte as de robot wêze as dy oanstiet. It ljocht is nammentlik skealik foar minsken. Van de Vrede: "Als we in dezelfde ruimte blijven staan, dan krijgen we lasogen en een verbrande huid. Je wilt er dus niet mee in contact komen."
It MCL brûkt de robot noch net, mar wat De Jong oanbelanget duorret dat net lang mear. "Het is een heel mooi ding. Innovatie is ook in onze branche belangrijk."
Yn ûnder oare it UMCG (Grins), St. Antonius (Utrecht) en Meander (Amersfoort) wurdt de robot al wol brûkt.