Ferkearsdrama yn Jirnsum rekket freonegroep djip: "Sa ferskriklik fertrietich"

Blommen op de plak fan it deadlike ûngelok © CAMJO media
De ympakt fan it deadlike ûngelok yn Jirnsum is tige grut. De fjouwer manlju dy't by it ûngelok omkamen, komme út Sibrandabuorren en Britswert. "Dit rekket in hiel soad minsken djip", seit boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân.
Hedser Bruinsma, foarsitter fan it doarpsbelang fan Sibrandabuorren, hearde it nijs fan 'e moarn betiid. "In hiel hurd gelach", seit er. "Doe wist ik noch net om wa't it gong, mar dat duorre net lang. It komt hiel hurd binnen, we kenne elkoar hjir allegear."
Boargemaster De Vries hat hjoed kontakt hân mei de pleatslik belangen fan beide doarpen. "Dy tinke deroer nei hoe't we stipe jaan kinne. As gemeente wolle we alle stipe jaan oan alles wat nedich. Alles wat de minsken mar treast jaan kin."
"It giet om lytse doarpen", seit se. "It rekket elkenien hiel djip. It binne manlju út de doarpen, it is in enoarm hurde klap foar elkenien."
Boargemaster Jannewietske de Vries oer it ferkearsdrama yn Jirnsum:
Boargemaster Jannewietske de Vries nei deadlik ûngelok: "Dit rekket de mienskip hiel djip"
De slachtoffers binne twa manlju fan 39 jier, ien fan 35 en ien fan 41 jier. "Dêr sit in grutte freonegroep omhinne", seit De Vries. De fjouwer manlju sieten yn in auto dy't op de Rykswei by Jirnsum fan de dyk rekke en yn in sleat bedarre. Alle fjouwer manlju binne op it plak fan it ûngelok ferstoarn.
"Dit jout sa'n ferskriklik djip fertriet", seit de boargemaster. "Foar de famyljes, foar de neisten, freonen, minsken út de doarpen. Hjoed besykje we om it in bytsje te ferwurkjen en hoe't we de neibesteanden sa goed as mooglik stypje kinne."
Oer de tadracht fan it ûndersyk kin De Vries noch neat sizze. "Dêr docht de plysje noch ûndersyk nei, dat wachtsje we ôf."

Op syk nei tsjûgen

In earste spoare-ûndersyk jout noch gjin útslútsel, seit plysjewurdfierder Renate Winkel. "De auto is door nog onbekende reden van de weg geraakt, tegen een boom aangekomen en daarna in de sloot beland."
Se seit dat de plysje noch siket nei tsjûgen. "We hebben al getuigen ter plaatse gesproken en zij zeiden dat er mogelijk nog fietsers aanwezig waren. Misschien één fietser, misschien meerdere. We zouden graag met die getuigen in contact komen."
Ien fytster hat har yntusken meld, fertelt de plysje sneintejûn. De plysje siket noch in oare tsjûge: in man dy't om de tiid fan it ûngelok ek op it fytspaad fytste.