Skea by brân op It Hearrenfean is grut, bewenners nei ferfangende wenromte

In dei nei de grutte brân yn it sintrum fan It Hearrenfean is dúdlik hoe grut oft de skea is. Fan it pân sels, mei in grillroom ûnderyn en apparteminten derboppe, is net mear oer.
De brân bruts sneon om likernôch 18.45 oere út. Al frij gau waard opskaald nei tige grutte brân en in GRIP1-situaasje. Der waard ek in NL-Alert ferstjoerd. Dat de brânwacht sa grut ynsette, hie te krijen mei de lizzing fan it pân, mei in soad bebouwing deromhinne.
"It wie net direkt dúdlik hoe't de brân him ûntwikkele en wat it slachtofferbyld wie", seit brânwachtwurdfierder Marco Kinderman.
De ferdjippingen fan de ytgelegenheid binne ynstoart en lizze op de grûn. De twa apparteminten dy't yn it pân sieten binne folslein ferlern gongen. "De bewenners binne letter op de jûn noch weromkaam, mar dy wienen by it útbrekken fan de brân net thús. Sy ha sels ferfangende wenromte regele."
Neistlizzende pannen beholden
Troch de ynset fan de brânwacht binne de gebouwen njonken de grillroom wol sûnder skea. Omdat net dúdlik wie wêr't de brân krekt ûntstien wie, wie der in skoft gefaar foar skea oan neistlizzende gebouwen, fertelt Kinderman. "Nei in pear oeren wie der noch hieltyd kâns dat de brân oerslaan koe."
Moandei wurdt besjoen oft de earste bewenners fan neistlizzende pannen wer werom kinne nei harren wenten.
Mei de brân wie it drok op It Hearrenfean. Der stiene snein in soad minsken yn it sintrum te sjen nei de ravaazje.
Sjoch hjir nei de foto's: