106 Gelderske skiep ferhûzje nei Fryslân út benaudens foar wolf

Twa skieppehâlders út Renkum (Gelderlân) ha 106 skiep nei Fryslân ta ferhûze út benaudens foar de wolf. De skiep binne drachtich en soenen yn Fryslân feiliger sitte.
In wike lyn waarden noch 23 skiep fan Ellen en Serge van der Zweep deabiten. "We kregen allerlei goedbedoelde adviezen om onze schapen te beschermen tegen de wolf", seit Ellen van der Zweep tsjin Omroep Gelderland. "Er waren zelfs mensen die aanboden om bij de kudde te gaan slapen."
In wolveraster, dat de twa oanlizze litten hienen, koe in oanfal ferline wike net foarkomme. De provinsje Gelderlân seit nei in earste ûndersyk dat it raster nei alle gedachten net goed genôch wie. "Je moet erop letten dat een hek hoog genoeg is. Tegelijkertijd moeten er ook draden gespannen zijn die voorkomen dat de wolf eronderdoor kan komen."
Ellen en Serge van der Zweep hienen de skiep leaver net ferhûze en se wurde der ek emosjoneel fan, mar se tinke dat it de bêste opsje is. "Het is daar nog relatief veilig."
Wêr't de skiep krekt hinne brocht binne yn Fryslân, fertelle se leaver net.