Jubilearjend fytsshowkorps reizget de hiele wrâld oer: no nei Dútslân en Amearika

Fan in marsjearjend korps nei muzyk meitsje op de fyts. Korps Crescendo fan De Grinzer Pein smiet fyftich jier ferlyn it roer drastysk om, om't it net goed gie. Se waarden in bicycle-showband en dat wie in gouden greep.
Crescendo Opende yn Grins fiert dit jier it 50-jierrich jubileum. Ta gelegenheid dêrfan hawwe de muzikanten nije fytsen krigen.
It fytskorps is in opfallende ferskining yn showband-lân. It reizget de hiele wrâld oer foar optredens. Sa hawwe se meardere kearen yn Japan west. En yn it jier 2018 - it is yn dizze oarlochstiden hast ûnfoarstelber - spilen en fytsten se twa wiken lang op it Reade Plein yn Moskou.
Jubileum fytsend korps
Takom moanne giet it korps nei Amearika, foar in optreden yn it plak Holland Michigan. De âlde fytsen binne al yn in kontener ûnderweis nei it lân oan de oare kant fan de oseaan. De dûbelde set fan âlde en nije fytsen komt no dus goed fan pas. De nije fytsen kinne de kommende tiid brûkt wurde foar optredens yn Dútslân.