Zuidoost-Zorg soarget mei personielsmuzykband foar libben yn festigings

Soarchynstelling Zuidoost-Zorg mei festigings rûnom yn Fryslân ferlient net allinnich soarch, mar makket ek muzyk. In personielsband jout optredens en belûkt de kliïnten dêr safolle mooglik by. Dat docht fertuten, sa docht bliken.
Neffens bandlieder en muzykterapeut Christiaan Dokter is it mei-inoar muzyk meitsjen fan ûnskatbere wearde. "Voor ons als personeelsband, maar vooral ook voor de cliënten."
De band 'Dr. and the Purples' bestiet út meiwurkers út alle lagen fan de organisaasje: soarchmeiwurkers, stêfleden, mar ek in ICT'er en in klinysk psycholooch. It reportoire is net yn ien wurd te omskriuwen. It giet fan Kom van dat dak af en Tulpen uit Amsterdam mei it grutste gemak nei in psalm of oare kristlike lieten.

Martha is fersoargjende by Zuidoost-Zorg. Op freedtemiddei is se sjongeres. "Ik sjoch geregeld dat minsken de triennen yn de eagen ha, om't se it optreden sa moai fine, mar ek om't se sels meidwaan kinne mei allerhanne lytse slachynstruminten.
Pikefel
ICT'er Sabrina komt yn har deistige wurk net yn kontakt mei kliïnten. Se fynt it fantastysk dat soks mei de muzyk wol bart. "Ik krij soms pikefel as ik sjoch wat it de minsken docht. Dat jo echt wat losmeitsje."

Pieter Meindertsma is psycholooch en drummer fan de band. Yn syn wurk hâldt er him benammen dwaande mei diagnostyk: wat is der krekt mei immen oan de hân en wêr moat de begelieding en eventueel de terapy út bestean.
Opwining
Yn muzyk kin er him útlibje. Hy wurdt hiel bliid as er sjocht hoe't de muzyk oanslacht by de minsken. "It binne faak kwetsbere âlderen foar wa't we spylje. Muzyk docht wat mei harren en mei harren brein. Se kenne guon ferskes en genietsje dêrfan. Mar ek fan de drokte en de opwining dy't der is as wy yn de mienskipsromte de muzykynstallaasje opbouwe. En dan moat it spyljen mei de ynteraksje noch begjinne!"
Neffens Meidertsma past dy oanpak by de fyzje fan Zuidoost-Zorg: "Jou minsken de romte om te dwaan dêr't se bliid fan wurde!"
De reportaazje oer de band by in optreden yn De Meente op de Gordyk.