LC-sjoernalist Patrick van 't Haar helpt yn Oekraïne en fiert jierdei lytse Dima

© Patrick van 't Haar
"Vraag me niet waarom, maar ik moest ernaar toe", seit Patrick van 't Haar. De sjoernalist fan de Ljouwerter Krante is foar de fjirde kear yn Irpin, Oekraïne. Juny ferline jier wie de earste kear. Om ferhalen te skriuwen oer de minsken yn Oekraïne en hoe't se libje yn tiden fan oarloch.
Van 't Haar hat mei de LC en it Dagblad van het Noorden oant no ta fjouwer ton ophelle. Skriuwen en helpferliening is in kombinaasje foar him wurden.
Juny ferline jier gie Van 't Haar foar it earst nei Oekraïne. Yn Irpin kaam er yn kontakt mei in famylje dy't yn in appartemintegebou wennet dat skea hat. Dêr is ek harren 8-jierrige soantsje Dima. Hy is gek op it jonkje.

Nea frede

Van 't Haar: "Het leven van dit kind is een heel ander verhaal dan de situatie in Nederland. Hij zit vaak in de schuilkelder."
Dima waard berne yn 2014. Doe begûn it konflikt yn de Donbas. De famylje fan Dima komt út de Donbas. Eins hat Dima nea yn frede libbe.
Dima is gek op fuotbaljen. Hjir is er op it fuotbalfjild fan syn klup © Patrick van 't Haar
Sân fan de tsien gebouwen yn Irpin hawwe skea troch de oarloch, ek it gebou fan de famylje fan Dima. Van 't Haar set in lytse aksje op om de minsken yn it appartemintekompleks te helpen de boel wer te reparearjen. Dat gie frij maklik. En sa begûn it baltsje hieltyd mear te rôljen.

Lytse muoite, grutte betsjutting

Van 't Haar: "Ik ontdekte hoe makkelijk het is om met relatief weinig inspanning te kunnen helpen en iets te kunnen doen wat daar van grote betekenis is."
Hy komt yn de kunde mei oaren en der komt mear help. It resultearret úteinlik yn in grutte aksje fan de LC en it Dagblad van het Noorden. Lêzers wurde oproppen te donearjen. Van 't Haar hopet op in ton, mar dat wurdt fjouwer ton. "Dan kun je grote dingen gaan doen."

Rjochting de frontliny

Fan it jild wurde benammen itenspakketten, mar ek generatoaren en oare dingen dy't needsaaklik binne kocht. Dat bart yn gearwurking mei ferskate organisaasjes. It guod giet net allinnich nei Irpin mar ek nei oare regio's lykas Cherson.
Als zij niet schrikken, dan heb ik ook geen reden om bang te zijn.
Patrick van 't Haar
It stânplak fan de helpgroep is benammen Irpin as de LC-sjoernalist der is, mar ek gie hy de foarige kear mear rjochting it echte oarlochsgebiet. Dêr wenje minsken hast yn de frontliny en hawwe it noch folle dreger. Van 't Haar giet mei Oekraynske helpferlieners nei doarpen dy't op fiif kilometer fan de stellingen lizze.
Op de fraach oft dat net gefaarlik is seit er: "Daar ben ik niet mee bezig. Ik ga op zo'n soort tripje altijd met mensen die daar vaker naar toe gaan. Als zij niet schrikken, dan heb ik ook geen reden om bang te zijn. Natuurlijk is het gevaarlijker dan Leeuwarden maar het effect van wat je kunt doen voor de mensen die in een klotesituatie zitten is ook veel groter."

Jierdei

Yn dy doarpen komme de grutte NGO's (helporganisaasjes) hast net. Dizze minsken binne folslein ôfhinklik fan de minsken dy't der noch wol doare te kommen.
Op dit stuit is Van 't Haar wer yn Irpin. Mei in bus fol mei iten en oare helpmiddels gie er dizze wike dy kant op. In ambulânse dy't derhinne brocht wurdt, giet ek mei. Om te helpen dus, mar ek foar Dima. Dy wurdt op 2 april 9 jier.
Dima hie Patrick frege om, as er dochs nei wer nei Oekraïne komme soe, oft er dan op syn jierdei dêr wêze koe. Ofrûne woansdei is Van 't Haar nei Irpin gien. Ek mei in tas fol kadootsjes foar lytse Dima.
Patrick van 't Haar oer syn wurk yn Oekraïne