Fjouwer deaden by auto-ûngelok yn Jirnsum

It plak fan it ûngelok op de Rykswei by Jirnsum © CAMJO media
By it auto-ûngelok fan sneontejûn by Jirnsum binne meardere deaden fallen. It giet om fjouwer manlju út de gemeente Súdwest-Fryslân. De slachtoffers binne twa manlju fan 39 jier, ien fan 35 en ien fan 41 jier.
It ûngelok barde om healwei tsienen hinne op de Rykswei. Der wiene gjin oare auto's by belutsen.
De auto dêr't de slachtoffers yn sieten, rekke troch ûnbekende oarsaak fan de dyk en botste tsjin in beam. Dêrnei bedarre de auto yn de sleat. In Mobyl Medysk Team waard ek ynset by de helpferliening dy't dêrnei op gong kaam mei brânwacht, ambulânse en meardere plysjeauto's. De ynsittenden binne ferstoarn op it plak fan it ûngelok.
De dyk hat in skoft ôfsluten west foar it ferkear. Spesjalisten fan de plysje-ôfdieling 'forinsyske opspoaring en ferkear' hawwe yn de jûn en nacht ûndersyk dien, ûnder oare nei spoaren.
Bylden fan de helpferliening nei it ûngelok:
Fjouwer deaden by swier auto-ûngelok Jirnsum
De plysje is op syk nei ien of meardere fytsers dy't op it fytspaad njonken de dyk mooglik wat sjoen hawwe. Flak nei it ûngelok hat de plysje mei earste tsjûgen praat. Dy seine dat se wat sjoen hawwe op it fytspaad. Dat kin ien of meardere fytsers wêze. De plysje wol graach mei dy tsjûgen prate.
Plysjewurdfierder Renate Winkel oer it slimme auto-ûngelok by Jirnsum.
Ek minsken dy't dashcam-opnames fan yn de auto of dy't bylden fan befeiligingskamera's hawwe, wurde frege om it materiaal oan de plysje sjen te litten.