Cambuur ferliest wer fan konkurrint: degradaasje noch tichterby

Bjørn Johnsen © Orange Pictures
Degradaasje út de earedivyzje is sneontejûn in stik tichterby kaam foar SC Cambuur. De Ljouwerters kamen noch wol op foarsprong tsjin direkte konkurrint FC Emmen, mar ferlearen úteinlik yn eigen hûs mei 1-2.
Trainer Sjors Ultee hie syn alvetal op fjouwer plakken wizige yn ferliking mei de lêste kompetysjewedstriid, it kânsleaze ferlies tsjin Excelsior. Sai van Wermeskerken, Léon Bergsma, Remco Balk en Mimoun Mahi stienen doe noch yn de basis. Dy earste trije begûnen no op de bank, Mahi wie net fit.
Harren ferfangers wienen Doke Schmidt, Marco Tol, Mees Hoedemakers en Michael Breij.
Opstelling SC Cambuur: Ruiter; Schmidt, Tol, Smand, Bangura; Van Kaam, Hoedemakers, Paulissen; Breij, Johnsen, Foor
Yn eardere wedstriden tsjin direkte konkurrinten begûn Cambuur noch wolris striemin en wie der samar in efterstân. De Ljouwerters begûnen no ek net sterk, mar Emmen profitearre dêr net fan. Kânskes foar Jeremy Antonisse en Richairo Zivkovic smieten neat op.
Doe't Alex Bangura nei in kertier spyljen trochkaam oan de linkerkant, like er syn ploechgenoaten foar it útkiezen te hawwen. Hy fûn lykwols gjinien. Krekt dêrnei kaam spits Bjørn Johnsen wol yn skoaringsposysje, nei in knappe pass fan Mitchel Paulissen.
De Noar omspile doelman Mickey van der Hart, mar wie dêrnei net slachfeardich genôch, wêrtroch't ferdigener Miguel Araujo noch yngripe koe.

Grutte kânsen Cambuur

De grutste kânsen wienen dêrnei wer foar de besikers. Ut in frije traap fan Ljouwerter Mark Diemers koe Ole Romeny sa ynkoppe, mar syn ynset miste de goede rjochting. Keziah Veendorp wie tichterby: syn hurde skot kaam tsjin de peal.
Romeny bleau gefaarlik. Mei in foarset fûn er Antonisse, dy't skoarde, mar dêrfoar hie Romeny bûtenspul stien. Even letter rêde Robbin Ruiter knap op in skot fan Romeny.
In rêding fan Robbin Ruiter © Orange Pictures
Nei it skoft krige Johnsen wer kopkânsen. De spits, dy't yn eardere wedstriden syn wearde bewiisde foar Cambuur, wie dizze wedstriid ûngelokkich. Earst kopte er oer, in pear minuten letter njonken.
Emmen wie noch tichter by de iepeningstreffer. De besikers rekken op 'e nij de peal, no mei Antonisse.
Healwei de twadde helte kaam Cambuur dan dochs op foarsprong. Ut in knappe foarset fan Daniël van Kaam kopte Paulissen fraai raak.
Mitchel Paulissen nei de 1-0 © Orange Pictures
It hie Cambuur de trije punten opsmite moatten, mar tsien minuten letter lei de lykmakker alwer yn de goal. Floris Smand wurke in foarset mar heal wei, de bal kaam rjocht yn de fuotten fan Ahmed el Messaoudi. Dy skeat de bal yn 'e hoeke, bûten berik fan Ruiter.
De doelman hold dêrnei wol Romeny en Julius Dirksen fan it skoaren ôf. Sa like Cambuur in puntsje te pakken, wat al net genôch west hie. Mar it senario waard noch swarter: yn blessueretiid kopte Jeroen Veldmate raak út in frije traap fan Diemers.
Sjoch hjir nei de gearfetting fan de NOS:
Troch it ferlies reitsje de feilige plakken foar Cambuur allinnich mar fierder út sicht. Direkte konkurrint Emmen nimt ôfstân en Cambuur stiet no acht punten ûnder de degradaasjestreek.
Oare wike snein spilet Cambuur de útwedstriid tsjin FC Twente.