Glamping, in yurt en teäterworkshops? Yn Reahûs wurdt kemping de Finne ûnder hannen naam

It kempingseizoen is wer begûn. Yn Fryslân wurde in protte kempings oernaam en modernisearre. De fêste gasten moatte dan plak meitsje foar lúkse fakânsjebungalows. Kemping De Finne yn Reahus is oernommen troch Amsterdammers Jeroen van Velzen en Esther Eenstroom.
Doe't koroana begûn wie it al flot dúdlik dat sy net yn Amsterdam bliuwe woene. Mar trochdat mear minsken dat idee hiene om fuort, wie it dreech om in moai plakje te finnen.
Romte en frijheid
Troch in protte mails te stjoeren mei de titel "Wij willen wonen waar jullie wonen" kamen se úteinlik by de lytsskalige kemping De Finne. "Wat we heel graag wilden was het buitenleven. Ook voor onze dochter", seit Esther Eenstroom.
Kemping de Finne moat oernaam wurde en modernisearre
Der binne allegear bisten en dochter Yara giet mei in protte wille eltse dei mei de Shetlandpony kuierjen. "De ruimte en de vrijheid van het platteland. Dat hebben we nooit gekend na zoveel jaar in Amsterdam", laket Eenstroom."Het is een hele omschakeling, maar precies wat we er van hoopten."
Chaletpark
As nijbakte kempingeigeners is it foar harren noch útsykje hoe't alles wurket, mar grutte feroarings komme der net. "We gaan er zeker geen chaletpark van maken" fertelt Eenstroom. "De vaste gasten kunnen gewoon lekker blijven." Wol sille se de kemping wat mear nei dizze tiid helje.

"Een beetje glamping, er komt een 'dome' met verwarming, een yurt, tipi en een boomhut."
Teäterworkshops
Trochdat se beide út de kreative sektor komme, wolle se in ferskaat oan aktiviteiten oanbiede. "Misschien theaterworkshops, een documentairefestival", neamt Eenstroom op "Misschien iets met yoga, al gebeurt dat al op meer plekken."
