Utslaande brân yn sintrum fan It Hearrenfean is ûnder kontrôle

© SRFotografie
Yn it sintrum fan It Hearrenfean hat sneontejûn in tige grutte brân west. De útslaande brân siet yn in romte boppe in ytgelegenheid. Om likernôch 23.30 wie de brân ûnder kontrôle.
De klanten dy't oanwêzich wienen yn de ytgelegenheid, binne evakuearre. De omlizzende hûzen binne ek ûntromme. De fiif bewenners dêrfan ha ûnderdak fûn foar de nacht.
Twa persoanen ha reek ynazeme en binne neisjoen troch ambulânsepersoniel. Ien fan harren is foar de wissichheid nei it sikehûs ta brocht.
Lange tiid wie it dreech foar de brânwacht om goed by de brân te kommen. In part fan it gebou is dêrom sloopt, sadat de brânwacht der better by koe. Nei sa'n fiif oeren wie de brân ûnder kontrôle. De brânwacht is noch wol lange tiid dwaande mei it neiblussen.
Wurdfierder Marko Kinderman oer de grutte brân yn it sintrum fan It Hearrenfean
Doe't de brânwacht oankaam oan it Breedpad, wie it al in grutte brân. Letter is opskaald nei in tige grutte brân fanwegen de tichte bebouwing. De brânwacht koe sa ekstra slachkrêft krije.
Der wie oan it begjin benammen in soad reekûntwikkeling. In NL-Alert is ferstjoerd mei de oprop net nei it sintrum te kommen en út de reek te bliuwen.
Oanfanklik tocht de brânwacht dat der in appartemint yn de romte boppe de grillroom siet, mar dat is net sa. De romte heart by de ytgelegenheid.
© Omrop Fryslân
De brânwacht die mei in megafoan de oprop om de helptsjinsten de romte te jaan en net yn de reek te stean. "Dit is heel ongezond voor u. Uit de rook en afstand nemen. Op last van de brandweer. Verwijdert u!"
Der stienen in pear hûndert minsken yn de buert nei de brân te sjen. Guon mei bern, oaren mei de hûn.
Grip 1 wie ek fan krêft. Dat betsjut dat der fanwege de earnst fan de brân koördinaasje tusken de ferskillende helptsjinsten nedich wie.
Der steane in soad minsken te sjen nei de brân © Omrop Fryslân