Hearrenfean pakt knap punt op besite by AZ

De doelpuntemakker en de man fan de assist: Sydney van Hooijdonk en Osame Sahraoui © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean hat yn de útwedstriid tsjin AZ in fertsjinstlik punt pakt. Op besite by de nûmer fjouwer fan de earedivyzje waard it 1-1.
Lange tiid hie Hearrenfean útsicht op noch mear, want Van Hooijdonk sette de Friezen al betiid op foarsprong. Dêrnei stie Hearrenfean hast de hiele wedstriid ûnder druk, mar de skea bleau beheind.
Kees van Wonderen keas sintraal achteryn foar Syb van Ottele njonken Pawel Bochniewicz. Joost van Aken is de rest fan it seizoen útskeakele, Sven van Beek sit noch yn de lappemand en Jeffrey Bruma begûn op de bank. Yn de oanfal wie der in basisplak foar Simon Olsson, te'n koste fan Ché Nunnely.
Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Van Ottele, Bochniewicz, Köhlert; Haye, Van Amersfoort, Tahiri; Olsson, Van Hooijdonk, Sahraoui
De Friezen, dy't dit seizoen noch net wûn ha fan in ploech út de top-fjouwer, begûnen sterk. Dat smiet ek in betide treffer op: Osame Sahraoui hie in goede rinaksje oan de linkerkant en sette foar op Sydney van Hooijdonk. De spits kaam goed foar syn direkte tsjinstanner Sam Beukema en liet doelman Matthew Ryan kânsleas.
Foar Van Hooijdonk wie it al de fjirde wedstriid op rige wêryn't er skoarde. Syn teller stiet yntusken op alve.
Fiif minuten nei de iepeningstreffer kaam it duel stil te lizzen: supporters yn it útfak smieten fakkels op it fjild. Dat wie in plande protestaksje tsjin it oanfangstiidstip fan 16.30 oere. Se fine dat gjin geskikte tiid foar in wedstriid.
Guon supporters holden spandoeken omheech mei teksten as 'anti 16.30 uur', 'pro pyro' en 'tegen SV's' (tsjin stadionferboden).
De supporters fan Hearrenfean © ANP
De wedstriid lei yn totaal sa'n tsien minuten stil. Dêrnei wie AZ dúdlik de bettere ploech. Doelman Xavier Mous moast geregeld yn aksje komme om de foarsprong foar Hearrenfean te behâlden.
En as Mous net by de bal koe, dan wie dat omdat it fizier fan de AZ'ers krekt net op skerp stie. Sa skeat âld-Hearrenfeanspits Jens Odgaard hurd njonken de goal en yn de slotfaze fan de earste helte einige in kopbal fan Beukema tsjin de peal.
Jesper Karlsson wie mei in frije traap ek tichtby de lykmakker west, mar dy einige wer njonken it doel fan Mous. Dyselde Karlsson mocht in pear minuten foar it skoft net kleie doe't er giel krige, nei't er Milan van Ewijk in skop joech.

Mous keart strafskop

Betiid yn de twadde helte krige AZ in bûtengewoan goede kâns op dochs op likense hichte te kommen: Mous ferlear de kontrôle en helle Mijnans ûnderút. Dyselde Mous makke syn flater lykwols goed troch de strafskop fan Karlsson - mei in bytsje help fan de latte - te kearen.
Xavier Mous krijt de felisitaasjes nei't er de strafskop tsjinhâldt © Orange Pictures
AZ bleau de gefaarlikste ploech, mei Karlsson as grutste oanjager, mar ek Hearrenfean krige kânsen. Van Hooijdonk wie ticht by syn twadde treffer, mar Beukema helle syn ynset fan de line.
Oan de oare kant fan it fjild einige in skot fan ferdigener Pantelis Hatzidiakos krekt njonken it doel fan Mous. In minút letter like Hearrenfean opnij oan de lykmakker te ûntsnappen, doe't in skot fan Mexx Meerdink fia Mous by Van Ewijk kaam, dy't de bal fuortwurke.
Nei't de VAR nochris goed nei de bylden seach, waard dúdlik dat de bal oer de line west hie: 1-1. It doelpunt kaam as eigen goal op namme fan Mous.
De bal is oer de line foardat Van Ewijk 'm fuortwurkje kin © ANP
Mei noch in kertier te gean, plus blessueretiid, seach AZ noch mooglikheden genôch om punteferlies foar te kommen. It slotoffinsyf fan de thúsploech soarge foar in soad druk op de ferdigening fan Hearrenfean, mar dy hold goed stân.
Oare wike spilet Hearrenfean in thúswedstriid tsjin FC Volendam.
De gearfetting fan de NOS: