Nominaasjes foar de Johan de Jong-beam kinne wer ynstjoerd wurde

Fan 1 april ôf kinne minsken har opjaan foar de nominaasjes fan de Johan de Jong-beam, in priis foar it bêste partikuliere natuerinisjatyf fan Fryslân. De beam is in earbetoan oan biolooch Johan de Jong, dy't jierrenlang in fêste natuerrubryk hie yn it programma Op & Ut fan Omrop Fryslân.
De priis sil dizze maitiid foar de tredde kear útrikke wurde. De wedstryd is bedoeld foar partikuliere ynisjativen. Elts dy't graach in stientsje bydraacht oan it behâlden fan natuer, kinne meidwaan.
De Omrop wurket hjir gear mei fjouwer natuerorganisaasjes: It Fryske Gea, Natuurmonuminten Steatsboskbehear en de Fryske Miljeu Federaasje.
Jong en âld kin meidwaan en ien nominearje. De priis is in beam nei keuze, op in plak nei keuze. Ynisjativen kinne oant 1 maaie ynstjoerd wurde fia omropfryslan.nl/beam.