Resinsje Kibboets op de klei: "In swarte side út Fryske skiednis"

© Omrop Fryslân
It begûn mei filmbylden út it Fries Film en Audio Archief fan in kibboets yn Frjentsjer tusken 1935 en 1941. Dêrnei folgen in dokumintêre, in boek en in betinkingsmonumint. Dêr komt no in teëterfoarstelling by. De fraach is oft dy noch wat oan de eardere produksjes taheakje kin.
Regisseur Job de Roo hellet alles út de kast om dêrop in posityf antwurd te jaan. De foarstelling spilet him ôf op leafst fjouwer lokaasjes: skouboarch De Koornbeurs, in boereskuorre, by it Joadsk monumint en by de kibboets sels oan de Harlingerweg. No in keunstgalery, mar tusken 1934 en 1941 in opliedingsynstitút dêr't Joadske jongerein taret waarden op de emigraasje nei Erets Jisraël, oftewol it Beloofde Lân.

Dream

De Roo hat foar de teäterfoarstelling de persoan fan Moritz Schnitzer sintraal steld. Hy wie yn 1941 ien fan de pioniers dy't in lânbouoplieding folge op de kibboets. Oerdeis waard wurke by boeren en túnkers yn de omkriten en jûns waard studearre yn de nije Hebriuwske taal en Joadske kultuer. Alle kursisten hiene mar ien dream: meihelpe oan de opbou fan it Beloofde Lân yn Palestina.
In Fryske stiifkop as foute boer, in simpel klisjee © Rianne Hogeveen
Dy dream wurdt ruw fersteurd as op 3 novimber de kibboets troch de Dútske besetters oerfallen wurdt en alle kursisten arrestearre en deportearre wurde. Op Moritz Schnitzer nei. Hy wit te ûntkommen en oerlibbet de oarloch. En dus is er by útstek de oanwiisde persoan om dit stikje swarte skiednis út de doeken te dwaan.

Nazibolwurk

Wat in prachtige fynst fan De Roo om de rol fan Schnitzer troch trije akteurs spylje te litten. Oan de hân fan de jonge akteurs Siebo Boersma, Yvar Bruins en Lucas van Dijk wurdt it publyk yn trije aparte groepen yn kapweinen en kuierjend nei de ferskate lokaasjes laat. Prachtich om te sjen hoe't Lucas van Dijk as gids fan ús groep hielendal yn de persoan fan Moritz wist te krûpen en ús oertsjûgend wist mei te nimmen yn it bytiden oangripende ferhaal.
De foarstelling begjint yn de foyer fan skouboarch De Koornbeurs. It plak dêr't yn 1939 mear as 600 nazi's byinoar kamen foar in taspraak fan NSB-lieder Anton Mussert. In ynkringend gegeven. It publyk wurdt dielgenoat fan it nazibolwurk dat Frjentsjer ea west hat.

Technyk

En dan giet it mis. Net allinnich is der yn de lûdsynstallaasje yn de seal in steuring, regisseur De Roo lit witte dat de technyk op ien fan de lokaasjes it hielendal ôfwitte lit. In fertraging fan in heal oere is it gefolch. As we dan einlings mei trekker en wein op 'en paad kinne, docht bliken dat de karren net op safolle minsken berekkene binne. Ek dat nimt wer de nedige tiid, wêrtroch't de foarstelling ûnnedich lang fertraging oprint.
Leau yn jimme dreamen en jou nea op! © Rianne Hogeveen
Dy technyk bliuwt de hiele fierdere jûn in steurend elemint. Mikrofoans falle om it hurdsje út. De akteurs binne bytiden net mear te ferstean en de foarstelling stûket. Spylje yn de iepen loft, wat foar de stim dochs al dreech is, wurdt dan hielendal in toer. En foar ús stiet wol in groep hiel jonge spilers, dy't noch net de ûnderfining hawwe om de foarstelling der op ditsoarte kwetsbere mominten trochhinne te slepen.

Klisjee

Yntusken is ús groep meinommen nei de pleats fan Petrus van den Berg, neffens de oerlevering ien fan de boeren dy't wol goed foar de kursisten soarge. Dat is oars oan Hans Koekoek dy't de rol fan de boer foar rekken nimt, net te fernimmen. Hy is nammentlik it fleiswurden klisjee fan de Fryske stiifkop. It foarbyld fan de foute boer, dy't de Joadske stazjêres útrûpelet en ôfblaft.
Net allinnich is dit wol hiel simplistysk delset, yn alle gefallen is it net aardich foar dochter Willie van den Berg, 87 jier alwer en by dizze premjêre as ien fan de earegasten oanwêzich. Moai foar har dat Koekoek nei ôfrin dochs noch eefkes meidielt dat har heit boer Petrus wier wol in sympatike man west hat. It tilt de sêne lykwols net nei in heger nivo.

Triennen

Dat jildt wol foar de folgjende lokaasje by de oarspronklike kibboets. We wurde dielgenoat fan it deistich libben fan de jonges en famkes. De regisseur hat hjirby keazen om de spilers har ferhaal as in skiednisles, troch de saneamde fjirde wand hinne, streekrjocht nei it publyk ta út te sprekken. Neidiel dêrfan is dat de taskôger gjin kâns krijt om in bân mei de ferskate personaazjes op it toaniel te krijen.
Dat feroaret as de groep pioniers nei de oerfal troch de Dútske besetters ôffierd wurdt. Moai hoe't de spilers dan sels oprjocht triennen yn 'e eagen krije en it publyk yn dy emoasje meilûke.
In oplieding as boer as betingst foar de opbou fan it Beloofde Lân © Rianne Hogeveen
Dat slagget ek Lucette van den Berg dy't Carolina Bramson spilet. Mei har man Jacob wie hja de grûnlizzer fan de kibboets yn Frjentsjer. Hjir wurde de besikers konfrontearre mei de bewuste filmbylden, dy't ea troch Jacob makke binne.
Carolina fertelt oer de moaie begjinjierren, mar ek oer de needlottige libbensbestimming dy't harren te wachtsjen stiet. De lieten dy't Lucette dan sjongt meitsje net allinnich yndruk, mar witte de foarstelling ek eefkes los te meitsjen fan de dokumintêre en it boek. In teätrale taheakking oan it totale folweardige monumint.
Dan is it wol wer spitich dat krekt by in emosjoneel in memoriam fan de pionier Eli Asscher op it skerm bylden fertoand wurde fan dy oare pionier Jo Dünner. Dat is net allinnich sloardich, mar it docht benammen de hoeders en direkt belutsenen fan dit stik skiednis in bytsje sear.

Boadskip

De epilooch yn de Koornbeurs is hast trije oere letter (!) in weardich slot fan it gehiel. De trije akteurs dy't Moritz dizze jûn spile hawwe, fine inoar wer yn har eigen persoan. En jouwe ús boppedat in boadskip mei: Jou nea op. Leau yn jimme dreamen en jou nea op!
It moat sein wurde: Job de Roo hat mei dizze foarstelling wol in hiel soad hea op de foarke nommen en risiko's nommen. Miskien wat te folle. Sa sjogge de trije groepen taskôgers bygelyks de trije ferskillende sênes ek yn in oare folchoarder.
Us groep hie it foardiel dat dit moai gronologysk wie. Mar der wie ien groep dy't einige yn de boereskuorre. Myn twivels hjiroer waarden befêstige troch in akteur nei ôfrin. Hy wie bot teloarsteld. Nei de twa oangripende sênes by de kibboets en it monumint, hie it publyk gjin oandacht mear foar har aktearjen opbringe kind. En dat lei net oan de akteurs.

Nij selskip

'Kibboets op de klei' is de earste foarstelling fan it nije teäterselskip Wolf fan Job de Roo.
Al mei al liket it wol oft der krekt wat te min tiid west hat om in perfekte foarstelling del te setten. Faaks hie in wat simpeler toanielstik as earste produksje dêrom better op syn plak west.
Hawar, de ploech hat noch oant en mei 4 maaie om alles op de rails te krijen. Want al mei al is 'Kibboets op de klei' as monumint op himsels wis de muoite wurdich.