50 jier gastfrijheid by feriening Bêd en Brochje: "Ambassadeur van Fryslân"

De geur fan farske taart en kofje komt je tegemoet by de B&B fan Lydia Hoogland © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De feriening Bêd en Brochje fiert dizze sneon har 50e jierdei. De organisaasje fan partikuliere B&B-eigeners set him yn foar de promoasje fan Fryslân. B&B Hoogland út Ferwert is al 30 jier by de organisaasje oansletten.
De âlde gasteboeken, mei foto's en al, lizze op tafel. Want it is al tritich jier in grut aventoer foar Lydia Hoogland, dy't in bêd en brochje yn Ferwert hat.
Anekdoaten binne der by 't soad. Hoe't Lydia oait mei in gast 25 kilometer oer it Fryske kustpaad kuiere. Hoe't oait bliken die dat in gast út België fiere famylje wie. Of de troufoto's fan in Israelysk pear dy't de houliksreis yn Grinslân en Fryslân hie.
Lydia en har man yn de earste perioade. Har man ferstoar yn 2014. © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Al dy jierren is de B&B fan Lydia oansletten by Bêd en Brochje, de feriening dy't no 50 jier bestiet. Yn 1973 ûnstie it út it 'Boun fan Plattelânsfroulju'. Se woene it imago fan Fryslân 'oppoetse' en stêd en plattelân tichter byinoar bringe. Doe't der noch gjin ynternet wie, wie Bêd en Brochje ûnmisber.

Spontaan op de stoepe

"Ze ondersteunen ons. Je krijgt een prachtige vlag met bêd en brochje en een schildje met een teken van de Friese boerderij. Zo konden mensen herkennen dat er een B&B was. Mensen belden of stonden spontaan op de stoep om te vragen of ze konden blijven slapen. Ik zorgde dat alles klaarstond en de vriezer vol was."
Lydia Hoogland fertelt oer it ûntstean fan har bêd en brochje
De B&B wie yn de skuorre fan in pleats oan de râne fan Ferwert, ticht by de seedyk. Lydia fersoarge de keamers en hie altyd in tafel fol iten klear.
Har man reagearre yn it begjin wat skeptysk, mar wie al gau in pleatslike toergids: "Het was veel te leuk om de mensen de weg te wijzen naar Hegebeintum, de zeedijk of de molen van Burdaard. Ik voelde me echt wel een ambassadeur van Fryslân en mijn man begon het ook leuk te vinden. Hij ging varen en nam mensen mee, ik ging door met het bêd en brochje."

Persoanliker

Yn 2014 ferstoar har man en is Lydia ferhúze fan de âlde pleats nei in lytser hûs. Mar ek dêr hat se noch altyd trije keamers beskikber.
It boerd dêr't je hjoed-de-dei in bêd en brochje werkenne kinne © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Ek no is Lydia der altyd noch wiis mei dat se oansletten is by Bêd en Brochje. Sa binne der alle jierren gearkomsten mei alle oare Bêd en Brochje-hâlders en helpt de organisaasje noch hieltyd mei de promoasje fan B&B's. Har hoop is dat der ynkoarten in oare B&B har plak oernimt, om Noardeast-Fryslân stimulearje te bliuwen.
"Het is veel persoonlijker. Via het internet is het gewoon een stuk anoniemer. We hebben het geprobeerd op booking.com, maar dat heeft niet de charme van Bêd en Brochje. Mensen verwachten dan toch meer de hotel-sfeer. Andere provincies zijn ook jaloers op ons, die krijgen het maar niet van de grond. Het is ongelofelijk goede promotie voor Fryslân. Je kiest er bewust voor om bij een Bêd en Brochje te overnachten."
Lydia Hoogland blêdet troch âlde gasteboeken © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
By binnenkomst komt de geur fan farsk bakte taart je yn 'e mjitte en de kofje stiet klear. It soargjen sit Lydia yn it bloed, mar nei tritich jier sil se der dochs echt mei ophâlde.

Stopje

De jierren begjinne te tellen: "Zes fietsers op een nacht is hartstikke leuk, maar ik sta de hele dag waslijnen vol te hangen en kamers schoon te maken. Dat wordt wel eens vergeten. Vooral als het een mooie zondag is, dan denk ik wel eens: is dit wel leuk? Maar het is schitterend."
Benammen it ferskaat oan besikers fynt sy sa moai. "Van sportieve mensen tot cultuurzoekers. Het is gewoon de charme van het ontvangen van mensen."
Echt definityf ophâlde sil nei alle gedachten ek net barre: "Als er af en toe iemand aanbelt van de vaste gasten, dan mogen ze altijd een nachtje blijven slapen. En als ik er niet ben, krijgen ze de sleutel wel van mijn zoon en weten ze hier de weg ook wel te vinden."