Bistetún AquaZoo bestiet tweintich jier, en dat fiere se mei legobisten
Der hat in iepenbier swimbad, in rekreaasjegebiet en in otterfokkerij west, mar sûnt tweintich jier is op de lokaasje by Ljouwert bistetún AquaZoo fêstige Dat jubileum fiere se mei in nije tentoanstelling dy't dit kear net út libjende bisten bestiet.
Grutte keunstwurken fan lego stean de kommende tiid troch it park hinne. It binne saneamde 'brick-bisten'. It stelle bisten foar dy't net yn libjende foarm yn it park te sjen binne. "Dit is wel echt een joekel, met een jong, zoals je kunt zien", seit direkteur Jeroen Loomeijer oer in grutte orka makke fan de plastic stientsjes.
250.000 stientsjes
"Dat is ook het leuke, het zijn dieren die we hier niet hebben, maar die wel met water te maken hebben. Een orka en een dolfijn zijn dieren die we hier nooit in het echt neer zouden zetten."
Grutte bouwurken yn AquaZoo
De orka mei jong is boud fan 250.000 stientsjes en is 1100 kilo swier. Tsien man hawwe der sawat fiifhûndert oeren mei dwaande west om it bouwurk yninoar te krijen. "Dat was een heel gedoe om hem door het park hierheen te krijgen", suchtet Loomeijer.
De stientsjes binne trouwens net wer te brûken, se binne oan inoar lime. Loomeijer tinkt dat it hjirnei nei in oare bistetún ferhuze wurde sil.