Mark Diemers mei FC Emmen tsjin Cambuur: "Het blijft je cluppie, maar zaterdag even niet"

Mark Diemers © Orange Pictures
Mark Diemers is in Ljouwerter yn ieren en sinen, mar sneon telt dat net. Dan wol er as spiler fan FC Emmen de klup út syn wenplak sear dwaan.
Alle dagen stapt de 29-jierrige Ljouwerter moarns yn de auto foar in rit fan sa'n hûndert kilometer nei stadion De Oude Meerdijk in Emmen. Dit seizoen fuotballet Diemers by FC Emmen, dat him hiert fan Feyenoord. Tegearre mei SC Cambuur is FC Emmen ferwikkele yn de degradaasjestriid.
Mei opset sin sette er in stap werom. Ofrûne simmer waard Diemers foar de twadde kear heit en hy woe, nei twa jier yn Rotterdam, ticht yn de buert wêze fan syn freondinne en bern.
Mar fan Feyenoord nei Emmen, dat is fan in kampioenskandidaat nei in degradaasjekandidaat. Dat wie wol efkes wennen foar Diemers. "Ik had er in het begin wel wat moeite mee om die stap terug te doen." Mar no foldocht it him goed, ek om't er hast gjin minút mist hat.
It doel wie om him dit seizoen sjen te litten by FC Emmen, sadat er nei dit jier wer in stap omheech sette kin. "We moeten zorgen dat we erin blijven, dan is mijn avontuur hier geslaagd, uiteindelijk", seit Diemers.
Der wachtet in bysûndere wedstriid foar Mark Diemers
It is, lykas foar Cambuur, in dreech seizoen foar de promovendus út Emmen. Diemers hat syn stimpel net echt drukke kinnen mei goals (ien) en assists (fjouwer). Hy is de earste om dat ta te jaan: "Ik heb veel goede wedstrijden gespeeld, maar ik heb te weinig gescoord."
Hy hie hope op mear assists, mar seach dat goede foarsetten faak net ôfmakke waarden. "Ik kan de voorzet er ook niet zelf inkoppen. Het enige dat ik mezelf kwalijk neem, is dat ik het aantal kansen dat ik heb gehad, niet heb omgezet in doelpunten."

Mear rendemint

De man dy't Diemers nei FC Emmen helle, is trainer Dick Lukkien. Ek hy hie mear rendemint ferwachte fan syn middenfjilder. "Hij heeft niet heel veel kansen gehad, maar een speler als Diemers moet altijd richting de acht goals minimaal", fynt Lukkien.
Kwa assists nimt Lukkien it Diemers minder yn kwea ôf. "Dat is is deels te schaars, maar dat ligt niet alleen aan hem. We hebben te veel kansen gemist op goede ballen van Mark. We zijn niet clean genoeg in de afronding."
FC Emmentrainer Dick Lukkien jout ynstruksjes oan Mark Diemers © Orange Pictures
Fierder is Lukkien tefreden oer it spul fan Diemers. De trainer brûkt him foar meardere posysjes: as oanfallende middenfjilder, linksbûten en sels yn de spits. "In het begin ging hij te veel op zoek naar de bal. Maar daar hebben we best veel over gesproken", fertelt Lukkien.
Diemers moast mear yn de buert fan de goal spylje, fûn de coach dy't yn de simmer nei FC Grins giet. "Ik wil hem liever in de laatste dertig meter aan de bal krijgen, omdat hij rendement heeft. Dat gaat de laatste weken steeds beter. Ik vind dat hij een goed seizoen speelt en ben blij dat hij hier is."

Bysûndere wedstriid

Diemers hat in waarme bân mei Lukkien. Mar, de fuotballer hat noch in trainer dy't er heech sitten hat. Dat is Sjors Ultee, dy't no trainer is fan Cambuur. Doe't Diemers by FC Utrecht spile, wie Ultee assistint-trainer by de Domstedelingen.
"Ik heb daar moeilijke periodes gehad en Sjors heeft me altijd gesteund", wit Diemers. Dêrnei hawwe se altyd kontakt hâlden. Hy fynt dat Cambuur in goede trainer yn 'e hûs helle hat mei Ultee. "Het is een intelligent mens en een goede, vaardige trainer. Sjors is een fantastische gozer."
Leeuwarden is toch mijn stad en Cambuur blijft je cluppie, maar zaterdag even niet.
Mark Diemers
Dy goede bân is sneon lykwols efkes neat wurdich, as Diemers it mei FC Emmen opnimt tsjin SC Cambuur. It is in spesjaal duel foar de man dy't hikke en tein is yn Ljouwert, yn 2013 kampioen waard mei Cambuur en no dus foar Emmen spilet.
By de Ljouwerters stiet it mes op de kiel: de hikkesluter moat winne om sicht te hâlden op it sechtjinde plak, dêr't Emmen no stiet. Dy ploech hat fiif punten mear as Cambuur.
Diemers: "Als we deze pot winnen, is het acht punten en wordt het voor Cambuur vrij moeilijk om ons in te halen. Voor hen staat er nog meer druk op dan voor ons. Er staat altijd spanning op dat soort wedstrijden. Vaak wordt er niet goed gevoetbald, maar zit er wel heel veel strijd in."
Mark Diemers hellet út yn de wedstriid tsjin Excelsior © Orange Pictures
It is foar it earst sûnt fiif jier dat Diemers as fuotballer weromkomt yn it Cambuurstadion. "Het is leuk om weer terug te komen en bekende mensen te zien. Leeuwarden is toch mijn stad en Cambuur blijft je cluppie, maar zaterdag even niet. Het blijft bijzonder om terug te keren."
Dat it duel derta docht, ek yn Ljouwert, fernaam er fan 'e wike noch. "Gister bij de kinderopvang kwamen er een paar mensen naar me toe die zeiden: 'Cambuur niet laten degraderen, hè'. Dat is leuk."
Hij is een speler die het verschil moet gaan maken, daar ga ik hem ook in kietelen.
Trainer Dick Lukkien oer Mark Diemers by Cambuur-Emmen
Foar de wedstriid fan sneon hat Lukkien syn hoop fêstige op Diemers. "Spelen in Leeuwarden zal wel iets met hem doen. Hij zal warme gevoelens hebben bij Cambuur, maar die moeten even op een laag pitje, want hij moet ons helpen om de drie punten te gaan halen."
Lukkien sil dat der ek noch wol efkes ynwriuwe by de middenfjilder. "Hij is een speler die het verschil moet gaan maken. Daar ga ik hem ook in kietelen." Hoe sil Lukkien dat dwaan? "Dat ga ik nog niet zeggen, maar daar heb ik wel ideetjes bij."
Diemers wachtet it wol ôf: "Ik zie wel hoeveel er gekieteld wordt", laket er.
Mark Diemers waard yn 2013 kampioen mei Cambuur © Dijks Fotografie
Diemers hat der nea in geheim fan makke dat er ea weromkomme wol by Cambuur. Dat soe nei dit seizoen kinne, want syn kontrakt by Feyenoord rint ôf wêrtroch't er transferfrij is. "Voor mij is het duidelijk dat de club enthousiast is om mij terug te halen. Dat is leuk en triggert me wel", seit Diemers.

Kontakt mei Reijnen

Sterker noch: koartlyn troffen takomstich technysk direkteur fan Cambuur Etiënne Reijnen en Diemers inoar noch by in oefenwedstriid tusken PEC Zwolle en FC Emmen. Reijnen is op dit stuit assistint-trainer fan PEC.
"We hebben wel eens contact, ook wel over een terugkeer", fertelt Diemers oer it kontakt mei Reijnen. "Ik heb tegen hem gezegd: je kunt me altijd bellen. Ik ga alle verhalen aanhoren en dan een keuze maken."
Mar, de kâns dat it no al ta in weromkear komt, is lyts. Diemers wol him earst fokusje op hanthavening mei FC Emmen en nimt dan in beslút oer syn takomst. "Na dit seizoen wil ik gewoon weer omhoog. Ik denk dat ik daar thuis hoor, maar dat moet ik de komende wedstrijden laten zien."
De degradaasjekreaker tusken SC Cambuur en FC Emmen begjint sneontejûn om acht oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint om kertier foar achten. It kommentaar út it Cambuurstadion wei komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.