Ald-fierljepper Evert Wilstra ferstoarn: "In ambisjeus man fol nije dingen"

Evert Wilstra © Omrop Fryslân
Ald-fierljepper Evert Wilstra is yn de âldens fan 72 jier ferstoarn. Komplikaasjes nei in ûngelok op moandei 13 maart binne him fataal wurden. Yn de jierren '70 wie Wilstra in pionier en topper yn de fierljepsport.
Wilstra wenne yn Burgum en ferstoar freedtejûn yn it UMCG-sikehûs yn Grins. Hy wie dêrhinne brocht fanwege swier letsel nei in ûngelok mei in scooter. Op moandei 13 maart hie er mei in stoarmige wyn in omfallen beam op de holle krige en wie er swierferwûne rekke. Komplikaasjes nei it ûngelok binne him fataal wurden.
Evert Wilstra hat in soad foar de fierljepsport betsjut:
Yn memoriam: Evert Wilstra
Evert Wilstra wie de earste Fries dy't oer de 17 meter sprong. Dat wie yn 1976 yn Winsum. Dêrnei hat er syn persoanlik rekôr ek noch ferbettere oant 17,29 meter, yn 1977 yn Bûtenpost.

Trije kear Frysk en twa kear Nederlânsk kampioen

Wilstra behelle yn 1974 yn Burgum it nasjonale rekôr. Opfallend feit is dat er doe 16,34 meter sprong en dat dat fout metten wie. De ôfstân waard letter korrigearre ta 16,46 meter en dat wiue in nij nasjonaal rekôr.
Yn totaal hat Evert Wilstra trije kear Frysk kampioen west en twa kear Nederlânsk kampioen. Hy waard ek noch fjirtich kear deikampioen by it fierljeppen.

Koarte karriêre fanwege Frankryk

Wilstra syn karriêrre wie koart en dat kaam troch in optreden yn in Frânske televyzjeshow. De Fryske fierljepper die mei oan in spultsje. Minsken moasten fragen beantwurdzje en as it antwurd net goed wie, moast er fierder ljeppe as de foarige kear.
Hy krige der in hiel soad jild foar en it ljeppersbûn woe dat jild hawwe. Dat hat in lange proseduere west mei as einresultaat dat Wilstra net mear fierljeppe woe.
Sjoch hjir nei de dokumintêre 'It paad werom: Evert Wilstra ljepte nea wer' út 2011:
Ald-meiwurker Eelke Lok fan Omrop Fryslân koe Evert Wilstra goed. Evert wie in skoft meiwurker fan it sportprogramma fan Omrop Fryslân.

Fol nije dingen en ideeën

Evert wie in man dy't altyd fol nije dingen siet en ek nije ideeën hie, sa typearret Eelke Lok syn kollega. Hy trainde op in oare manier as de oaren. Sa kaam er oan de top yn Fryslân en ek yn Nederlân.
Doe't Wilstra yn 1977 in ôfstân fan 17,29 meter sprong wie er wat lilkich, omdat ien yn Hollân 18 meter sprong, giet Lok fierder, dy't in dokumintêre oer Wilstra makke hat. "Dat hie hy miskien ek wol helje kinnen as dat gedoch yn Frankryk der net west hie."
Ien fan de bêste fierljeppers dy't Fryslân ea hân hat.
Eelke Lok
Lok: "Letter hat er as sportmeiwurker fan Omrop Fryslân faak nei fierljepwedstriden west. Dan sieten se mei skeane eagen te sjen nei dy iene man dy't ien fan de bêste fierljeppers west hat dy't Fryslân ea hân hat."
Wilstra is foar syn top ophâlden mei syn karriêre. Lok: "Dat hat mar in pear jier west, fan sawat 1973 oant 1977. Hy hie noch folle fierder komme kinnen."

Fernijende ideeën

"Evert ûndersocht dingen. Sa wie er badmaster yn Hallum. Dêr lei in stikje asfalt. Dan sei er: 'Sille we dêr wetter op dwaan, as it begjint te friezen? Dan kinne we miskien wol de earste maraton fan it seizoen hâlde.'" Wilstra wie ek dejinge dy't de aluminium pols yntrodusearre.

Ljeppersklup Burgum

Ald-foarsitter fan de ljeppersklup yn Burgum Hans Helmholt, Wilstra syn wenplak fan de lêste jierren, priizget ek Wilstra syn ideeënrykdom en trochsettingsfermogen.
Hy hat mei Simmer 2000 ien de Fryske Fiersichten betocht en ek fan de grûn krige. De Fryske Olympiade yn Burgum mei fierljeppen, keatsen en skûtsjesilen wie in sukses, seit Helmholt. Boppedat, de oare Fryske Fiersichten binne by plannen bleaun. Yn dy sin wie Wilstra in echte pionier.

Byldsjes fan froulike en manlike fierljeppers

Helmholt hat noch net sa lang ferlyn kontakt mei Wilstra hân. De ljeppersklup Burgum bestiet takom jier fyftich jier. Dêr hie Wilstra ideeën by en hy woe der wat persoanliks oan taheakje. Hy wie dwaande mei de ûntwikkeling fan byldsjes fan in manlike en in froulike fierljepper. Dy woe er graach op de jublileumwedstriid oerlangje.
Eelke Lok en Hans Helmholt oer Evert Wilstra
Wilstra syn ferstjerren komt foar Helmholt hommels. Hy hat noch by him yn it sikehûs west, koart nei de operaasje oan syn rêch, want hy hie moast holpen wurde oan twa rêchwervels.
"De dag na de operatie was hij al weer zijn benen aan het strekken. Aan zijn fysiek kon hij zelf werken. Dat tekent de topsporter. Hij was goed aanspreekbaar in het ziekenhuis. We hebben uitgebreid over de politiek gesproken. Als oud-raadslid voor de FNP was hij geïnteresseerd in de uitslagen van de provinciale statenverkiezingen."
Uteinlik waarden komplikaasjes Wilstra fataal.
Omrop Fryslân werhellet sneontejûn de dokumintêre 'It paad werom: Evert Wilstra ljepte nea wer' út 2011, troch Eelke Lok. De earste werhelling is om 18.30 oere en dêrnei op alle heale oeren.