It persoanlike joech de trochslach by de ferkenning, dy’t noch ûnferwachts útpakte

It cv fan ferkenner Chris Stoffer (SGP) © Omrop Fryslân
De persoanlike ferhâldingen tusken politisy wiene úteinlik beskiedend yn it proses nei in koälysje-advys fan BBB, PvdA, CDA en CU. Dat hie ek ferkenner Chris Stoffer net ferwachte.
De kar foar de fjouwer partijen is goed te ferdigenjen, mar yn 't foar tocht Stoffer wat oars, jout er earlik ta.
"Ik heb in eerste instantie gewoon de programma's zitten bekijken, nog voor de gesprekken. Mijn aanname was: als je kijkt naar BBB, CDA, FNP, VVD, dan zitten die op inhoud vrij dicht bij elkaar. Mijn eerst hypothese was: dat zou 'm best wel eens kunnen worden."
It CDA wie al gau dúdlik, al is dat op it earste each net sa logysk om't de partij troch de helte gie en fjouwer sitten ferlear. "Het CDA is best een grote verliezer. Dan druk ik mij nog zachtjes uit", konkludearret ek Stoffer.

CDA foar in part deselde kiezers

Mar binnen de BBB sitte in soad minsken dy't oerstapt binne út it CDA wei. "Je ziet dat mensen die jarenlang toegewijd waren aan het CDA nu zeggen: het CDA in Den Haag maakt keuzes die ons niet passen." Dat spilet neffens Stoffer ek yn Fryslân.
BBB en CDA oerlaapje dêrmei op in soad punten. "Op inhoud ligt het dicht bij elkaar: op het stikstofdossier en over hoe je dingen op het platteland oppakt. Maar ik denk dat de personen ook wel goed bij elkaar passen." Al foar de ferkiezingen kamen listlûkers Abel Kooistra en Friso Douwstra ta dy konklúzje.
BBB en CDA lizze net sa fier byinoar wei, sa kaam Stoffer ta de konklúzje
Foar Stoffer wie gau dúdlik dat BBB en CDA it 'motorblok' foar in nij kolleezje foarmen. "Maar toen zat ik met het dilemma: wat daarbovenop?" Dat de PvdA oanheakje soe, lei net foar de hân. "Bepaald niet", seit Stoffer.

PvdA foar de breedte

Dochs koe BBB net samar negearje dat de PvdA de twadde partij waard. "Ik ben op een gegeven moment met BBB stevig het gesprek aangegaan: wat willen jullie? Willen jullie dicht bij elkaar één richting op, of wil je de breedte van de samenleving pakken?"
Uteinlik is de kar op dy breedte fallen. "De PvdA heeft zich bewezen in de provincie, op inhoud kan het best bij elkaar komen, het zijn goede mensen. En je pakt daar wellicht ook representatie bij van mensen die juist niet op BBB stemden."
De fraksjes koene it goed mei inoar fine, en ynhâldlik foelen de ferskillen Stoffer ek ta. "In Den Haag worden ze onder de linkse wolk geschaard. Maar de PvdA zit hier wel een stuk realistischer in de wedstrijd, in mijn ogen. Ze opereren best wat dichter bij BBB en CDA."
De ChristenUnie is een uitermate geliefde partij, merkte ik.
Ferkenner Chris Stoffer
De fjirde partij waard de ChristenUnie, eins ta de fernuvering fan Stoffer sels. "Aan de voorkant had ik dat echt niet bedacht", jout er ta. "Maar de ChristenUnie is een uitermate geliefde partij, merkte ik."
It hat alles te krijen mei de kwaliteiten fan Matthijs de Vries as fraksjefoarsitter: "Het zit echt heel sterk op de persoon. Dat zag ik in alle gesprekken in de eerste gespreksronde."

Matthijs de Vries as ferbiner

De BBB en de oare partijen sjogge yn De Vries in ferbiner. "Je kunt zeggen: de ChristenUnie is getalsmatig niet nodig, maar het is een partij die de andere drie echt een beetje bij elkaar kan brengen. Het zit dus niet eens per se in de partij, maar ook in de mens."
Dat CU keazen is, hat neat mei de kristlike sinjatuer fan Stoffer sels te krijen, seit er mei klam. "Het is zo gekomen omdat anderen vonden dat het moest. Het had van mij ook een andere samenstelling mogen worden. Ik heb het proces begeleid, BBB heeft de keuzes gemaakt."
Dat er net út Fryslân komt, wie foar Chris Stoffer gjin beletsel as ferkenner
Uteinlik wie it ek BBB dy't efter it stjoer stie. Nei de ferkiezingen joegen oare partijen al fuortendaalks oan dat BBB de lieding hie. Logysk, tinkt Stoffer. "Ze zijn zó groot."
BBB hat op in gegeven stuit de kar makke foar de PvdA en dêrmei net foar de FNP, wylst dizze partij yn stimmen dochs krekt wat grutter wurden is.
Ferkiezingswinst joech net de trochslach, seit Stoffer, wêrby't ek de FNP bûten de boat foel
"De FNP haalde tegen de klippen op toch nog wat extra stemmen. Maar BBB zei: we pakken toch die breedte", seit Stoffer. De argumintaasje fan BBB wie neffens Stoffer ek: "Verliezers moeten er toch bij, anders red je het niet. Wat wij gewonnen hebben compenseert al het verlies wat er verder bij zit."
Mar ek persoanlik lei CU mear foar de hân. Dat hat ek te krijen mei FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol, lit Stoffer trochskimerje. "Tussen sommige personen schuurt het wat meer dan met andere personen. Sijbe heeft zich wel enigszins uitgesproken. Hij heeft zich niet zo geliefd gemaakt als Matthijs de Vries."

It skeelde in sit by de VVD

De VVD hie op persoanlik flak ek goed by de koälysje past, seit Stoffer. Mar de VVD ferlear in sit en einige dêrtroch op trije sitten. "Stel de VVD had z'n vierde zetel vastgehouden, dan was de situatie anders geweest. Dan had je de afweging kunnen maken: wordt het PvdA, FNP of VVD?"
PvdA en VVD byinoar wie wer minder logysk. "Dan zat je wel weer met een VVD die wel echt meer aan de rechterflank hangt." De ChristenUnie sit mear yn it midden, wêrtroch't dit wer in rasjonelere kar wie.
Stoffer beneamt wol dat der in soad wurdearring wie foar it wurk fan VVD'er Avine Fokkens as deputearre. "Maar uiteindelijk moet je een keuze maken."

Stoffer net formateur

De taak fan Stoffer yn Fryslân sit der no op. Formateur wurdt er net, wa't dat wurdt is oan de BBB. De grutste opjefte foar de formateur wurdt it koälysje-akkoart op haadlinen, tinkt Stoffer. Want eltsenien ferstiet dêr wat oars ûnder, sa murk er.
Woansdei wurdt Stoffer syn einrapport bepraat yn Provinsjale Steaten, dêr sil er sels ek by wêze. In formaasje hoecht net lang mear te duorjen, skat Stoffer yn.
De cartoon fan Gerco van Beek © Omrop Fryslân
Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Chris Stoffer.