Fyftjinde startplak foar Nyck de Vries yn Australië

© Red Bull Content Pool
Foar de earste kear dit seizoen is Nyck de Vries deryn slagge troch te gean nei it twadde diel fan de kwalifikaasje. En dat wylst de pech him ek yn Australië like te efterfolgjen.
Hielendal tefreden is er lykwols net. Wylst er nei de pits rydt, seit er oer de boardradio: "Balen dat we de achterkant verloren bij het ingaan van de ronde." Pierre Hamelin, syn engineer, befêstiget dat. "We moeten onderzoeken wat er gebeurde. We verloren daar alles."
Sa't we De Vries kenne is er kritysk op himsels. Dochs lit er op 'e nij foarútgong sjen en dat op in foar him ûnbekend sirkwy dêr't er op 'e nij in soad baantiid miste. De Vries omskriuwt Albert Park as listich, dêr't in flaterke gau makke is.

Gjin romte foar flaters

"Er staat veel wind, de omstandigheden zijn moeilijk, ook doordat je niet overal goed zicht hebt. Omdat er maar een klein stukje gras tussen de baan en de muur zit, is het een lastig stratencircuit waar geen ruimte is voor fouten."
Nyck de Vries posearret foar in selfie © Red Bull Content Pool
By Q1 sit De Vries lykwols yn in lekkere flow. Trochdat Sergio Perez fan de baan sjit, leit de kwalifikaasje in skoftke stil. De Vries stiet dan mei in sânde tiid op de klok. In soad koereurs hawwe dan noch gjin tiid set wêrtroch't it drok is by it ferfolch fan de sesje.

Hurder as Yuki

Ek De Vries ferbetteret him en pleatst him mei in fjirtjinde tiid foar it twadde diel fan de kwalifikaasje. It is de earste kear dat De Vries dat oprêdt. Hy docht dat boppedat troch syn teamgenoat Yuki Tsunoda te rap ôf te wêzen. In knappe prestaasje.

Wrakseling

By Q2 hat De Vries lykwols muoite syn teamgenoat foar te bliuwen. Yn de lêste sektor ferliest er tefolle tiid. Hy wrakselet mei de balâns, benammen oan achterkant fan de auto. Even liket er syn teamgenoat foar bliuwe te kinnen, mar yn de lêste ronde sjit Tsunoda troch nei P12, wêrtroch't De Vries as fyftjinde oan de race begjint. Lângenoat Max Verstappen start fan pole.
"Op zich ben ik wel tevreden", seit Nyck de Vries tsjin Viaplay. "Het was een positieve sessie waarbij ik in iedere run competitief was. Ik ben alleen teleurgesteld in onze laatste run. Ik verloor de piek van de banden in mijn tweede rondje. Ik kreeg het net niet voor elkaar, maar al met al was dit een positieve sessie."
Nyck de Vries kwalifisearret him yn Australië as fyftjinde © Red Bull Content Pool
Q3 wie gjin realistysk doel, sa stelt de 28-jierrige. "Natuurlijk had ik wel graag dichter bij de toptien willen starten zodat je de vruchten kunt plukken, wanneer er wat gebeurt in de wedstrijd. Maar het is in ieder geval een stapje vooruit. Het laat zien hoe precies het komt. Vanzelfsprekend is het niet."

Stikkene motorkap

De debutant koe wol in opstekker brûke. Neidat er by de reinige frije training in soad baantiid miste troch in meganysk probleem, ferrûn ek de tredde frije training net probleemleas. De sesje waard koart ûnderbrutsen troch in koade read-situaasje omdat der ûnderdielen fan de AlphaTauri op de baan telâne kaam wiene. In stik fan syn motorkape bruts ôf, wêrtroch 't er net fierder kaam P19.