FIDEO: Ajacied Tiny Hoekstra fan Rinsumageast werom yn Abe Lenstra Stadion

De fuotbalsters fan sc Hearrenfean hawwe freed mei 2-5 ferlern fan Ajax. Yn it Abe Lenstra Stadion stiene al gau mei 2-0 foar, mar troch in reade kaart foar Merel Bormans kantele de wedstriid. By tsjinstanner Ajax spylje twa Friezen: Sherida Spitse en Tiny Hoekstra. Foar dy lêste wie it in bysûndere jûn. By har âlde klup VCR út Rinsumageast hienen se in busreis regele. Sadwaande siet der in wiere VCR-enklave út De Geast op de tribune. En dat fûn Tiny spesjaal:
Tiny Hoekstra by sc Hearrenfean - Ajax