Probleemleaze misje yn Poalen: Ljouwerter F-35's komme werom nei Nederlân

In F-35 © Defensie
De 170 meiwurkers fan de Ljouwerter fleanbasis dy't stasjonearre wienen yn it Poalske Malborg, komme wer nei hûs. Moandei kinne sy de koffers pakke en komme se werom nei Nederlân. De acht F-35's krije dan tydlik in plak op de fleanbasis Volkel.
Twa moannen lang wienen de Ljouwerters aktyf yn Poalen. Se wienen dêr ferantwurdlik foar de bewekking fan it NAVO-loftrom. Se moasten fjouwer kear yn aksje komme om Russyske tastellen te ûnderskeppen. "Dat was voornamelijk in het begin", seit kommandant Guido Schols. "Daarna nam de activiteit af. Waar dat aan ligt, geen idee. Dan moet ik in een glazen bol kijken."
Schols tinkt dat it miskien wol te krijen hat mei de oarloch yn Oekraïne sels, dêr't de Russen tsjin problemen oanrinne. Ek is Finlân krekt it 31e lid fan de NAVO wurden. "Feit is dat de activiteit is afgenomen."
In Ljouwerter F-35 ûnderskept in Russyske SU-27 © Defensie
De Ljouwerters binne mei acht F-35's dy kant op gien. Dat joech de militêren de kâns om mear te dwaan as allinnich de loftbeskermingstaak. Schols: "We hebben veel kunnen trainen en de beveiliging ook goed kunnen doen. Wat we geleerd hebben, is dat de F-35 uitstekend voldoet aan de eisen voor alle missietypes die we willen vliegen."

Oanwêzigens skrikt ôf

Der is in soad oefene yn NAVO-ferbân. Sa waarden grutte oefeningen hâlden boppe de Baltyske Steaten mar ek boppe Roemenië. "Naast de rol in Polen vlogen we dagelijks samen met andere NAVO-toestellen missies langs de grens met Rusland. Die aanwezigheid geeft ook afschrikking", seit Schols.
Moandei fleane de F-35's nei de fleanbasis Volkel. De basis yn Ljouwert is ticht. Dêr wurdt wurke oan de renovaasje fan de beide start- en lâningsbanen. Ein augustus komme de F-35's dan wer werom nei Ljouwert.